It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 126] [p. 126] Tinzen fen M.H. Bakker. Stêdden en doarpen, bosken en fjilden, Alles foroaret op disse wrâld. Frjeunen, frjeundinnen, ynlieawe sibben, Bringt min to hôf, yn 't tsjustere skâd. 't Paed wirdt sa ienlik, 't wirdt den sa tsjuster; Bylden, sa trou, seach 'k skriemende nei; Smert waerd ta wille, wille ta smerte; Alles foroaret en.. alles wirdt wei. Mar lyk as wolken driuwe oan de himel, Bliuwt ek de striid by 't minskdom yn stân; Doch ek de lieafde, as in iwige sinne, Skynt ûnforgonklik oer sé en oer lân. Vorige Volgende