It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 124] [p. 124] De âlde Toer. (Mei Muzyk.) fen P.J. Teoelstra. Mids yn 't dorp stiet, stoer en steech, D' âlde skiere toer. Sjocht de wide fjilden oer, Sjocht omheech, omleech. En de minsken, fier yn 't roun, Sjocht er dei oan dei, Al hjar wrotten en gejei Op de lege groun. Earder nôch as mosk en ljurk, Eltse nije moarn, Ropt er mei syn swiere toan 't Hiele gea nei 't wirk. As de sinne krûpt yn 't nêst, Yn de stille joun, Ropt er 't alle fjilden ronn: ‘Minsken, kom, to rêst!’ Ienkear einget lieafde en niid, Alle wol en wé; Ienkear kroant in stille fré Ek ús swierste striid; [pagina 125] [p. 125] Frjeunen drage, swart en stom, Us it tsjerkhôf oer, Mar den komt út de âlde toer Frjeunlik, fol gebrom. ‘Wolkom, wolkom, kom mar, kom!’ Ropt er, myld en gol; ‘Liz dyn wirge holle dol; Rest yn sêfte slom! Wier dy d' ierde meast t' ûnrom, 't Grêf is wiid en myld; Oer dyn holle groit yn 't wyld Gêrs en krûd en blom. Lang al hest nei slomme socht, Lang al socht nei rêst. Frjeunlik wonk de dea op 't lêst. Het dy útkomst brocht. Mar al is ek kâld dyn hert, Ienkear waerm en fol, Hwa dy koe, sa goed en gol, Dy forjit dy net. Kom den, welkom, wolkom nou! Frjeunen skrieme om dy; Yn hjar hert - ho goed, ho blij! - Deade, libbestou! Frede, frede oan hwa 't hjir leit By Gods heilichdom; Ut it grêf sprút as in blom Blier d' ûnstearflikheid.’ Vorige Volgende