It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 123] [p. 123] Oan Conscience by it yn 't ljocht kommen fen syn 100ste boekwirk. Lok, eale Flaming, hwaenis romrofte namme Djip YII 't Folks hert stiet, goud yn moarmer lyk! Jy ha jins sprake great makke, eal en ryk; In treflik erfskip erft fen Jo d' erfnamme. Lok, iwich jonge twiich fen d' âlde stamme! Jins wirk is seinge, myld en wûnderlyk. Sjoch, Flaendrens tael kleau op út monde en slyk; Hy sprekt hjar, dy 't him eren for hjar skamme. Bid, bid for ús! Wy, frije Friezen, stride For 't selde as Jy, for ús ein goudne tael. Hja seol net op tiids weagen ús ûntglide! Rjue skalden songen fen hjar krêft en prael; Hja is de tsjepste blom der Friezene ierde; Wy lieawje s' as d' âld strider 't ear-metael! Vorige Volgende