It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Oan de Nieteam. Ne forte credas interitura quae Verba loquor socianda chordis. Horatius. Ik sjong net for de dei fen hjoed, Mar, neiteam, ek for jimme. Jimin' scille, nei myn dea, myn lûd Yn ear en hert fornimme. Myn harp wirdt stom, ik sink yn 't grêf, En 't gêrs waechst oer my hinne. Mar, lit it stof forwirde as tsjêf, De geast bliuwt, as de sinne! As Fryslâns folk syn tael forjit, Den scil in gonger komme Dy gromjend yn de nacht roungiet, En 't basterskaei fordomme. 't Hôlgromjend skynsel, det bin ik! My scil nin berch forsette. 'k Slach, mei de swipe fen de skrik, It bloed jimm' út it herte. En is hjir den in dichterhert, Jong, brûzend lyk as mines, Him siz ik: ‘Op! for tael en wet! Nim oan, myn harp wird' dines.’ Pieter Jelles. Vorige Volgende