| |
| |
| |
De Tiid.
fen
O.H. Sytstra.
Elts siichje, det troch 't beamte giet,
Ont det it ringen neaken stiet,
Sa deadsk, yn djippe rou.
Wy minsken binn' det beamte allyk:
As giele blêdden oer de dyk.
Faek, as min tige lokkich wier,
In libben fol fen wille en tier,
Sa hearlik moai for 't each,
Den naem de tiid ús det wer ôf,
En teach 'er hird mei foart,
En bleau for al ús bidden dôf,
Al waerd ús 't hert toskûrd.
| |
| |
Faek, as it libben neat as ûnk
As ús de libbensmoed ûntsonk,
Het Tiid ús útkomst brocht.
Sims as de kâlde grime dea
En, sûnder t' achtsjen op yens bea,
Yen 't djûrste wreed ûntnaem,
Den blette wol de wonne nei,
Dy 't ús syn seine sloech,
Mar Tiid naem wer de pine wei,
Mar bliuwt er ús nin grytsel oer
Wirdt alles weiskûrd troch tiids kloer,
En sjean wy neat as d' ein?
Né, né, sa toar is 't libben net!
Wol stouwe ús jierren wei,
Mar alles nimt de Tiid ús net.
Wy meije tobeksjean op hwet wy forlearen.
En det is in foarrjucht, det mindert ús smert.
Al is earst it missen hast net to fornearen,
Op 't lêst jowt det hieljende balsem oan 't hert.
| |
| |
O, earst as wy smeekjend de hannen útstekke
Nei hwet wy forlearen, as fregen wy 't wer,
Den moast it ús hast wol it herte tobrekke,
To sjean, det 'b forgees is: den misse wy 't wer.
Mar sjooge wy noch mar de Tiid yn de fierte,
Mei hwet er ús nomd het, den witte wy 't wol;
Den wolle wy ek wol ús smerte forjitte,
Den wirdt ús syn antlit wer frjeunlik en gol.
Den dûkt 'er in grize op mei 'n print yn 'e hannen,
Sa wûnder fol bylden, en lit ús dy sjean.
't Wirdt klearder: wy sjogge, 't binn' bylden fen mannen,
Fen frouljue, fen feinten, fen lammen, fen bern.
't Wirdt klearder: wy sjogge, 't binn' Ijue dy 't wy kinne;
Hja libje, hja prate, hja komme op ús oan.
Non binne hja by ús, hja sweve om ús hinne;
Wy sjogge 't nou klear, ja, wy kinne se skoan.
't Binn' Ijue dy 't foar tiden ús wille en ús smerte,
Us lok en ús lijen faek partten mei ús.
O, det docht ús goed det forrommet ús herte;
Hja prate wer lyk as foarhinne mei ús.
Sa hawwe s' ús dochs net for altiid forlitten;
Sa sjean wy se doch by ús yet ris werom?
Dos litte hja doch net sa iensom ús sitte.
Hwet wirdt it ús nou om it herte wer rom!
| |
| |
En wylst wy mei hjarren wer libje as foarhinne,
Klinkt sêft yn ús earen in frjeunlike slim,
En seit sa yngol: ‘Sjoch it nou, dou forbline,
Sa faek, ast it wost, jow ik wer, hwet ik nim!’
|
|