It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Snjeuntojoun. Klokken hear ik klinken Yn de stille joun; 't Sintsje sjoch ik sinken; Wolkjes sjoch ik blinken 't Hiele swirk yn 't roun. Kij stean yn de greiden Heal yn dauwe wei; Feinten gean to meiden; 't Fûgeltsje yn de reiden Jowt hjar sankjes mei. Klokken sjonge d' ierde 't Lieaflikst widzeliet; Soargen moatte skiede; Frede glydt oer d' ierde, Frede, ûntinkber swiet!... D' ierde lei yn slomme, 't Klokkeliet wier dien: 't Fûgelt wier forstomme. - 'k Bin, it hert forromme, Stil nei hûs ta gien. Pieter Jelles. Vorige Volgende