It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 117] [p. 117] Fol Hertke. fen G. Halbertsma. Wize: Du hast Diamanten und Perlen. Ho swier moat it wêze to dragen, Lieaf famke, sa mûtel en gol, Hwennear ast der tôgest mei 'n hertke, In hertke fen lieafde sa fol. Ja, fol moat dyn hertke wol wêze: Ik fielde 't, do 't rêstten op my Dyn eachjes, blier strieljend fen lieafde, Dy frjeunlike eachjes fen dy. Ja, fol moat dyn hertke wol wêze; Hwent seine dyn hankes my net Dy 't sêft triuwkjend mines omklamden: ‘Wy triuwkje út namme fen 't hert.’ Ja, fol moat dyn hertke wol wêze; As joech ek dyn mûlke nin lüd, Dyn lipkes, hja seine stiiftriuwkjend: ‘'t Fol hertke, det hat ús hjir stjûrd.’ [pagina 118] [p. 118] Nou binn' noch dyn lipkes sa roazich, Dyn wankjes sa mûtel en glêd. Folhertke, ho lang scil 't sa bliuwe? De roazen forgeane sa rêd! Vorige Volgende