It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 115] [p. 115] Krúsjassen. (Mei Muzyk.) fen T.E. Halbertsma. Snjeuns om in ûre of saun, Den gean ik nei it weardshûs ta; 't Is den for my healjoun, En 'k moat ris wille ha. Myn frjeunen roppe den: ‘To gau!’ Hja roppe den: ‘To gau, to gau! Hwêr bleauwen jy sa bjuster lang? Mar gau oan 't jassen nou!’ En d' earste kaem wirdt skreaun; De kaerten geane troch eltsjoar; Dielt lochter bûrman s' út, Den moat myn maet earst foar. Ei sjoch, ei sjoch, troef nel leit bleat, Kom, dy is moai, de nel leit bleat. Fang ik dy dalik mei de boer, Den krije hja hast neat. [pagina 116] [p. 116] Wel deales, det wie mis! Myn bûrman hie de nel biset. Nin hûndert ha wy nou, En fege kinn' wy net. In âld spil; ha, myn maet de boer? Hwa hie det tocht, myn maet de boer! Nou dogge wy twa streekjes hear, Der scjit for jimm' neat oer. Det giet is moai fen d' ein! En is troef nel nou net biset, Den bleauwe s' ûnder Jan; Sa lokkich binn' se net! It rint al moai; dêr leit de frou; Wel stom noch ta, dêr leit de frou; En d' aes fâlt siker by de nel; Ik slach de vole nou. Det neam ik jassen earst! Hja bliuwe al op de ‘folle’ stean. As ik mar troefkes ha, Lit my den stiltsjes gean. Den rop ik: ‘Spylders, kom mar op! Hwa kin en doar, kom tsjin my op!’ Mar stil, myn bûrljue wirde noartsk: 'k Hâld den mei narjen op. Vorige Volgende