It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Rein. As nei in droechte oer 't keale lân In hearlik reintsje komt, Den stiet wer ringen d' ierde yn bloi, Mei gêrs en nôt en blomt'. 't Is ef út eltse stobbe en tûk' Op nij wer 't libben brûst; 't Is ef in machtich skeppingswird Op nij oer d' ierde rûst. Sa gyng it my. De lieafde foel As simmerrein m'yn 't hert; Hja ropt wer goudne dreamen op, En 'k stúnje en suchtsje net. De sangen scjitte as blommen op, In hearlik siichje rûst; 't Is ef in nije skeppingskrêft Wer troch myn herte brûst. Rispmoanne, '81. Pieter Jelles. Vorige Volgende