It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 113] [p. 113] De Stôk by de Doar. fen C.W. It wier ynspeksjedei; min seach Fen fier en hein soldaetsjes Opdaegjen, en dêrûnder wol In hopen flinke maetsjes. Mar teffens wierne 'er ek wol by Perceelen, stiif as peallen, Mei like folle kriichsmansbloed En moed, as nochtren keallen. Elk stie op tiid dêr yn 't gelid, 'n Kernel en twa serzantsjes Der foar. Hy wier in stringen knaep, Hja wierne in pear parmantsjes. De baes rôp alle nammen op Mei'n foarse, sterke stimme; Elk sei, sa gau as 't koe: ‘Present!’ Oars mocht minhear ris brimme. [pagina 114] [p. 114] Sa kaem 't oan ‘Lamstrraal Egberrt!’ ta; Mar nimmen wie 'r, dy kikte. Wer: ‘Lamstrraal Egberrt!’ en sa lûd, Det elk 'er hast fen skrikte. Nou stie der ien yn 't foarst gelid, En dy sei, hiel biskromme: ‘Kernel, die man is dood.’ - ‘Hm, hm; Dat kan mij niks verrdomme. De tucht eischt, als ik kommandeerr, Dan mot zoo'n negerr komme.’ Vorige Volgende