It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 112] [p. 112] Widzesankje for ús lytse nynke. (Mei Muzyk.) fen P.J. Troelstra. Nynke, dêr ûnder dyn wrynke, Efter it griene girdynke, Dûk mei dyn kopke nou wei yn de plom; Slomje, dou lieaflytse blom! Poppe, sa prûs yn de gloppe, Sliepingel wjukkelt fen boppe; Floddert sa blier en sa gol om dy ta, Triuwket en tutet dy sa. Berntsje, sa kûs yn dyn herntsje, Stil wirdt allinken dyn wentsje; Efkes noch kypje, 't girdynke op in kier... Sliep nou, lieaf famke, ont moarnier. Vorige Volgende