It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 127] [p. 127] Fryslân. fen K. Sytsma. Is my myn sjongster sims to wille, Den sjong ik fen it Fryske lân, Den sjong ik fen it Noarderstrân; Hwent wyld, lyk as de Noardsé rûst, Is 't bloed, det my troch d' ieren brûst. Hear 'k foarjiers 't skeppingsliet wer klinken Oer Fryslân's fjilden, rom en frij, Sjoch ik natûr sa jong en blij, Den, wylst dy fleur myn hert forheft, Fiel 'k yn my ek wer nije krêft. En eagje 'k oer dy bounte greiden, Is wer natûr yn pinxterpronk, Giet ljurkje al sjongende fen honk, Sûst sudewyntsje sêft en bol, Den is myn hert fen wille fol. Skynt simmerdei it goudne sintsje, Sjocht himel's each sa myld yen oan, [pagina 128] [p. 128] Den rust in liet troch 't, rypjend koarn: ‘Forgiet de blom, de frucht bliuwt nei!’ En o, myn hert det sjongt i t mei. 't Wirdt hearst; de giel forwile blêdden Fâlle ôf; ik sjoch se suchtsjend nei; De hearst spielt simmer's lykkleed wei. Mar, moast hjar fleur forgean as tsjêf, Gjin need, hja stiet wer op út 't grêf. Den komt de grime foarst fen 't Noarden, En leit de wetters oan 'e bân; 't Is winter yn it Fryske lân, En wy fine op it speechlich iis, De heechste wille for in Fries. O Fryslân, lântsje fen myn herte, Dêr 'k berne, dêr ik opfied bin, Dêr 'k mem Natûr hjar stimmen kin, En mei hjar diel yn wille en smert - O Fryslân, dy forjit ik net! Vorige Volgende