| |
| |
| |
De hope.
fen
K. Sytsma.
Al binne 'er net folle dy skatten bisitte,
Al hat frou Fortún lang oan elk net hwet jown,
Al kinne w' ús net op ús kreften forlitte,
Al is sels de sounens oan elk net iens jown..
Dochs, hwet wy ek hawwe of hwet wy ek misse,
En hwet oan ús jown waerd of hwet ús ûntnomd,
By 'n herte fol ûnskild of 'n tergjend gewisse,
Ien skat ha wy fêst, dy gjin minske ea ûntkomt;
En wylst det wy skreppe, en wylst det wy stride,
Stiet altiid d' ûnmisbre, de Hope, oan ús side.
Dêr leit hja, de kleur fen de dead op de wangen,
En suchtsjend stiet neist hjar de lieawjende mem;
Hja tinkt, ho 't hja eren mei laits en mei sangen
Hjar 't libben forgilde: hja heart yet dy stim.
Is 't tarring? En moat hja den 't slimste net freze?
Hja skrillet... Mar stil, hwent der libbet yet Ien.
Is Dy net almachtich; kin Dy net geneze,
Dêr minsken 't net kinne? Hwet het Dy net dien!
| |
| |
Sa tinkt mem, en wylst fâlt er hjar yn it herte
In strieltsje fen hope, de treast yn hjar smerte.
‘Ho is 't nou, myn bern?’ - ‘O, ik fiel my gâns better!
De dokters dy hawwe de kwael yet net foun.
Dêr is yet wol hope; as in wike of hwet letter
De maitiid werom komt, den wird ik wer soun!
As den yn de fjilden de blommen wer binne,
As d' eiber werom komt en kleppert op 't thek,
Den gean ik nei bûten! Ik fiel 't wol, den winne
Myn krêften wer oan, en det leaut mem wis ek.’
Earm fanke! De tarring mei 't lichem ek slope,
Hja hopet, en fielt hjar wer soun yn dy hope.
Dêr doarmet in skip op de skolprige weagen:
't Fljucht op en fâlt del: 't is in fearke op de sé.
't Wirdt minder en swakker, mar wylder de weagen
Dou fisker, och sjochste den nea wer de ré? -
‘Mar kin den it ûnwaer net hommels bidarje?
Kin 't lek net wer stoppe?’ - 't Is hope, oars neat.
Dy 't moskje n't forjit kin syn skip ek biwarje;
Sa hopet de fisker, al neijert de dead.
Strak sinkt er meiskien, mar yet ûnder it sinken
Sjocht, stearrend, hy d' ingel der Hope him winken.
Ja, swier is de kamp faek, de striid om it libben.
't Is wrotten en bodsjen, moarnsier en jounslet;
En yet net genôch for him sels en syn sibben..
| |
| |
Dochs sizze 'm syn krêften: ‘Mear kinne jy net.
Och jow it mar oer, man, det fruchtleaze striden;
Birêst yn dyn needlot’... Né, né, hy hâldt fol!
Hy hopet op better, op fleuriger tiden:
De bern wirde greater, gau redt er it wol.
Oerein den de holle, de hân út de mouwe,
En den mar wer hoopje, op de takomst bitrouwe!
Dêr jinsen is 't plakje, dêr skomm'le syn widze;
Dêr boarte 'r, dêr minde 'r en waerd er bimind;
Dêr libje syn frjeunen en migen; der lizze
Syn âlden neist oaren, him mear as bikind.
En nou stiet er hjir, sa wyldfreamd, lykm' allinne,
Sa fier fen syn frjeunen, sa iensom oan 't strân;
Myn God, en ho sterk is syn langstme dêr hinne!...
O, scoed er 't werom sjean, syn doarpke, syn lân?
Hy hopet! Nou kin er syn hertsear forjitte;
Hy hopet! Nou blinkt him de takomst tomjitte.
O hope, dou roas oan de pylgrim syn staffe,
Dy altiid him moed jowt op 'e einleaze tocht;
O hope, dou poalstjer, dy w' allegearr' hawwe
Foar eagen, yn nacht, by de donkerste locht;
O hope, jongfaem, dy mei 'n koerke fol blommen
De kostlikste swietrook forspraet oer ús paed,
Dou ingel, dy, binne ús de kreften ûntnommen,
En binne wy fallen, ús ophelpt en laet -
Al hwet wy ek winskje, hwêr det wy ek stride,
Dou himelske hope, bliuw dou oan ús side!
|
|