It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 110] [p. 110] Merkeliet. (Mei Muzyk.) fen T.E. Halbertsma. Hwet lieaflike dei! 't Is merke, kom mei Hwêr âlden en jongen krioele. O hwet in gejei En hwet in gegei Fen oargel, trompet en fioele! Det kuijert en gaut, Det floddert en skreaut; Me sjocht' er yen d' eagen hast blyn. En ûnder 't gejoel Klinkt wer de fioel; De spylman ropt: ‘Dounsje, kom yn!’ Feinten, sa prûs en roun, Habbe al in famke foun; Disse, earst sa blea, sa fij, Laitsje nou blij; [pagina 111] [p. 111] Nimme de triuwkes oan, Dounsje ta d' iere moarn, Habbe sa'n merkenocht, Strielje fen ljocht. Earst foarút, den yn 'troun, Slurkjend strak lâns de groun. Dêr driuwe wy hinne, heal yn de sûs. En myn faem, kreas en kein, Het hjar ‘ja’ niis al sein, En meidend bring ik hjar nei hûs. Húswarjend sit beppe allinne, Hja tinkt ho 't de tiden forrinne, Ho 't pake hjar frege to merkjen! O blide, o sillige tiid! Ho swiet! En as hja wer tinkt oan dy wille, Den kin hja hjar pakje wol tille. De jountiid fen 't libben is fleurich. De soarch út de sinnen fordreaun, Fordreaun! Vorige Volgende