It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 104] [p. 104] Sankje nei 't Swyljen. (Mei Muzyk.) fen P.J. Troelstra. It wirk is dien, En elk en ien Nimt nou syn spillen op. Ho 'n moaije joun! 't Is stil yn 't roun; Forstomme is eltse rop. It sintsje dûk Sa gleaun en smûk Djip wei yn 't koele nest; Ek mosk en ljurk Rêste út fen 't wirk, Geane ont moarnier to rêst. Nou sjonge wy Sa blier en blij Ta tank for disse dei; Wy swilen 't hea Mei flugge lea Fen gear en ekers wei. [pagina 105] [p. 105] Fûleindich het De sinne bredt: It dripte ús fen de lea; Mar 't minske het As fêste wet: To skrippen om syn brea. Nou het de boer By 't winter foer For hynzers en for kij; Gjin broei of skea Bidearre 't hea; Det hoopje en bidde wy! Hwet ef me bout, As 't fruchten jowt Den falt it wirk yen licht; As 't wierje wol, As 't waechsje wol, Den docht me graech yens plicht. Lyts binne wy, Mar soun en frij As 't fûgeltsje yn de loft; Wie 't wirk ek swier, Ho'n wille en tier Jowt den it itensskoft! Allyk in bij, Sa wrotte wy, Sa lyts is ús bistean; [pagina 106] [p. 106] Mar dêrom kin' Mei 'n fleurich sin Wy frij troch 't libben gean. Dêr stekt de toer De fjilden oer Syn hege grize kop; Gau skeppe wy De tsjokke brij Mei folle leppels op. Den gean' wy sêd En wirch op bêd, En slomje swietwei yn; Heech oan de loft Dêr stiet fol noft It moantsje yn silverskyn! Vorige Volgende