It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Fiskermansfaem. Oan sé sjocht dreamend de fiskermansfaem, Ho 't de baren nei 't strân ta skouwe; Hja tinkt oan hjar fisker, en laket fol nocht; 't Is Maeije; gau scille hja trouwe. Dêrjinsen yn sé leit in fiskerman's lyk, To nacht yn it wetter sonken; Oan 't strân stiet laitsjend syn lokkige breid: Hy leit dêr jinsen - fordronken. Yn 't Easten hâld' wolken de sinne biskûl; De himel is swart klaeid fen rouwe; Oan sé sjocht gimikjend de fiskermansfaem Ho 't de baren nei 't strân ta skouwe. Pieter Jelles. Vorige Volgende