It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 102] [p. 102] Hidde ôfskie. (Mei Muzyk.) fen T.E. Halbertsma. ‘Matrozen, oan board!’ hear ik roppen, ‘Seilen mar ré; kom, ringen nei boppen! Fanke, 't is wier, Skieden falt swier; Mar op it lân het dyn Hidde gjin tier. Moarn kliuw' wy de brûzende weagen, 't Waljende djip, de dea faek foar eagen. Anke, farwol! 't Herte sa fol? Fij, net mear krite, myn lieawe - farwol! Ei skielik - kom wol yet ris harkje, Bin ik kaptein en kinst mei my farkje. Sjoch den wer blier! Fanke, 't is wier, Triennen dy meitsje my 't skieden sa swier! [pagina 103] [p. 103] Den swalkest en tsjochst oan myn side; D' ierdbâl yn 't roun litt' wy ús den glide. Den hab ik dy Altiid neiby. Fanke, sa'n libben!... Kom, laitsje ris blij! En lit him de stoarmwyn den hearre, Moatt' wy forgean, wy bliuwe togearre. Lieawe, gjin nosd! Hâld dou mar moed! Glimkest, myn famke? - Sjoch, det docht my goed! ‘Matrozen, oan board!’ hear ik roppen. ‘Seilen mar ré, en ringen nei hoppen!’ Fanke, 't is wier, Skieden falt swier; Mar op it lân het dyn Hidde gjin tier. Vorige Volgende