It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] Jong sémans ôfskie. (Mei Muzyk.) fen P.J. Troelstra. Farwol, farwol, myn heitelân, Dou bêste lân fen d' ierde. Ik ha hjir lok en wille hawn; Nou moat ik fen dy skiede. Farwol, farwol, dou lytse klûs, Hwêr lieafde en frede wenne; Dou trou en himmel âldershûs, Ik moat fen dy fen dinne. Farwol, dou tsjerkhôf, grien en stom, Hwêr heit en mem nou binne; De sé is wyld en djip en rom... Ik fiel my sa allinne. Farwol, farwol, lieaf plakje groun, As moat ik dy forlitte, As swalkje 'k wrâld en séën roun, Ik kin dy net forjitte. Vorige Volgende