It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Tael. Wirden kinne in bulte sizze; Mar dôchs sizze s' alles net. Meast bliuwt êfter 'e mûledoarren 't Moaiste wird, de tael fen 't hert. Den moat' faek de hannen helpe Mei hjar triuwkes, waerm en sêft. Sprekt de mûle kâlde wirden, Hannetael het greater krêft. Och, me mei net alles sizze. ‘Mem het altiid sa'n gemael!’ Faek moat m'ûnder 'e tafel prate: Det 's d' ûnsichtbre foettetael. Faek ek barde 't, det in wirdke Qer de tafel hinne fleach; Nimmen hearde 't, mar twa herten Sprieken dêr de tael fen 't each. Wirden binne kâld en noedlik; Faem, gjin jellenlang forhael! Praet dou, sûnder eat to sizzen, Yn dyn goudne lippetael! Pieter Jelles. Vorige Volgende