It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 94] [p. 94] De repetysje for dea. fen G.L. van der Zwaag. Frjeun Himke scoe for d' earste kear Hwet oan komeedsjespyljen dwaen; En hie it by him sels al klear: Dêr scoed er nou 'is glâns oan jaen! Hy hie wol net in greate rol, Mar 't wie doch ien fen gâns effekt. En elts dy spilet wit it wol, Det faek i t lytse 't nauste stekt. Dit wie syn rol: hy moast for dea In skoftsje lizze op 't toaniel; 't Wie nou de kinst, mei stiwe lea To lizzen, stil en kâld as stiel. Elts dy der hwet forstân fen het Wit, hwet sa'n rol bitsjut, net wier? Al sit it yn de wirden net, It spyljen, asjeblieaft, is swier! [pagina 95] [p. 95] Det hie ek Himke foar 't bigryp; Hy wist, hwet oan syn spyljen hong, Sadet er faek 'is yn 't genyp Allinne oan 't repetearjen gong. Sa lei er ienkear wer rjuchtút Op souder, det me swarre scoe, Dy fint is wrammels 't libben út; Sa, det m' er hast om skrieme koe. Mar - dêr ropt oan de trep de stim Fen Himke heit: ‘Hwêr biste, hwêr?’ - Gjin andert. - ‘Wês mar net sa slim! Ik wit, dest boppe biste, hear!’ - Mar Himke lei mar altiid stil, En bleau allike stiif en stom. ‘Wost ha, det 'k boppe komme scil?’ - Gjin andert. Himke hâlde 'm dom. Nou komt syn heit moai lilk omheech, Al flokkend oer sa'n mallichheid. Dêr sjocht er, mei forwondere each, Ho 't Himke stil dêrhinne leit. In kjeltme rint him oer de lea. Hy freget mei in triljend lûd: ‘Och Heare, jonge, biste dea?’ - ‘Kom,’ tinkt ús maet, ‘sa giet it goed.’ - [pagina 96] [p. 96] ‘Myn jonge, wol doch andert jaen!’ - Hy swijt. - ‘Mar God, dy jonge is min!’ ‘Al klear,’ seit Himke, ‘sa mat 'k dwaen, As 'k det nou mar ûnthâlde kin.’ Vorige Volgende