It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Slieprige Frijery. 't Wol net einje mei dy beiden: Hja sa stiif, en hy sa 'n sûch; As frou Lot, sa steil sit Maeike; Wopke wirdt ôfgryslik slûch. Hwet to dwaen? - Op 't lêst seit Maeike, Wol for d' âlfte of toalfte kear: ‘Wopke nôch is rooke?’ - ‘Rooke? Tankje, ik rook... ik... rook net mear.’ - ‘Den in broadsje?’ - ‘Tankje,’ - 'n Pofke?’ - ‘Tankje.’ - ‘Den hwet rûkersgûd?’ - ‘Nou’ - hy gappet - ‘'k wird sa slieprich! 'k Woe... of né, ik mat mar foart.’ Pieter Jelles. Vorige Volgende