| |
| |
| |
It Libbensdoel.
fen
O.H. Sytstra.
Hwet strielt it antlit fen de heit fen blydskip;
Hwet sjocht de mem nei 'n glimp fen silligens
Op 't, bern dol, det hja 't wêzen joech mei smert!
Hja sjean for him op ierde neat as lok. -
Mar ef it bern it wist, det, hwet syn âlden
Hjar fen him dreame, him net barre mei;
En det troch lijen 't komme scil ta eat...
It fiert syn komst op dizze wrâld mei triennen.
Mar né, it wit yet net, ho boas de wrâld,
Ho fol ten striid en fen fortriet hja is.
Bitroufol kin 't him oerjaen oan 'e soarch
Fen d' âlden, dy 't mei lieafde for him weitsje;
Hy giet syn paradiis yn, 't lokkich berntsje,
Hwêr net de libbensearnst him fiele lit.
't Is sûnder noed, yet laket alles blier
En frjeunlik him tomjitte: blij kin 't boartsje.
Wol kostet sims it berne-ûnk him triennen,
Mar memmelieafde hat se dalik droege;
| |
| |
Hja litte net hjar pynlik printsel nei,
Djip yn 't gemoed, lyk as de bittre triennen,
Dy 't hy yn letter tiid licht skrieme scil.
't Wit net fen kwea, en binn' syn berneplichten
Him swier to dragen, yette hat er net
To kampjen jin in wrede wrâld, dy 't inkel
Mar soarget for him sels en nin forgryp,
Ho lyts, forjit of troch de fingers sjocht.
Hy mei yet leauwe oan in goede Heit,
Dy, ja, wol 't kweade straft, mar graech forjowt,
As hy 't birou yn triennen blinken sjocht.
En hwet it bern elts leed sa tilber makket:
Hy hat in mem, om dêr syn need to kleijen.
Mar 't berntsje moat nei skoalle ta, en dêr
Leart hy al ringen stranger masters kinnen;
Dêr krijt er al in foarpreau fen hwet iens
De wrâld him bringe scil; hy kriget plichten,
Dy 't hy net koe; der wirdt him folle leard,
Dêr hy yet net fen wit, hwêr 't goed for is.
En ef er ek al seit: ‘Hwêrom mat 'k leare?’
It jowt him neat; me preket him tofoar:
‘It komt yn 't letter libben dy to pas.’ -
Mar hwet wit fen it letter libben 't bern,
Det alles mei syn berne-each oansjocht?
Mar as det libben komt, as unforbidlik
De paradiisdoar for him sletten is,
Den fielt er earst, hwet lok er dêr forlear.
Ho jerne gyng er net det paradys wer yn,
| |
| |
Hwêrfen er nou de silligens earst sjocht!
Sa tinkt er; mar it gleaune swird fen d' ingel
Keart by de poarte 'm ôf. Nou fielt er earst,
Ho neaken hy dêr stiet to midden fen
De wrâld, hwêr 't kwea fen alle kanten grymt,
En hwêr it roafdjier rounstrúnt om syn bút.
Hy sjocht it klear: nou moat der bodde wirde
Om 't brea to krijen, det him fiede scil.
De witnis, dy 't er hat fen goed en kwea,
Seit him, det hy in striid to striden ha scil
Hwêryn er great gefaer rint to biswiken.
Allinne! - Né, hy moat in helper ha,
As hy net ûndergean scil yn dy striid.
Mar - hwêr dy help to finen? By syn likens,
Dy lyk as hy mei stoere mannekrêft
It jin ‘noar opnimm’? Né, der moat in hert,
Fol troue lieafde, det oan him hjar oerjowt,
Him stypje. - En hy siket om in wiif,
Det yn 'e swiere striid him skoarje scil;
Det him forpleegje scil, as swier forwoune
Hy thús komt út 'e slach, him hope jaen scil
As him it moed alhiel ûntsonken is.
Den fielt er, hwet it seit, for 'n oar to libjen.
En as syn berntjes him nou lokkich meitsje,
Den fielt er, det er krêftich wirden is;
En selsfoldien tinkt hy nou oan de rite
Dy 't hy trochwrax'le is; mei 'n bliere loaits
Kin hy tobeksjean, hwent hy fielt syn krêften.
| |
| |
Mar nou bikrûpt him 't meilij'n mei sa folle
Dy 't yette net, as hy, hjar krêften fiele;
Hy wol hjar helpe; hy is striden wend.
Nou scil er ek mei nije krêften stypje,
Hwa driigje to biswiken. En syn bern
Moatte ommers letter ek hjar kamp yet kampje...
Nou is er lokkich, hwent hy foun op 't lêst
|
|