It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 87] [p. 87] Frysk binnenhûs. Oan myn frjeun Johannes Baarda. fen P.J. Troelstra. De mûrren, fen stientsjes opset, Binn' nuvere himmel en skjin; De minsken twisken dy mûrren Ha 't wûndere bêst nei 't sin. Heit het al grize hierren, Dy tsjûge fen leed en striid. In fleurich wyfke makke Syn libbensmiddei bliid. Hja wier it goudne sintsje Det troch de wolken kaem, En fen syn libbensfjilden De tsjustere dampen naem. Hja libbet yn syn libben; Syn winsk det is hjar sin; Hja kin hjar man nôch better As hy him selme kin. [pagina 88] [p. 88] By 't finster yn de kakstoel, Sit al hjar hope en lok; Det lytse springerke makket It d' âlden tige drok. It is sa blank en sa mûtel As 't wite wollige laem, En kipet sa nij as it knopke, Det krekt út de tûke kaem. 't Het yn hjar ljochtblane eachjes In parradiis fol nocht; Dêr lêze heit en mem yn Fen lieafde, lok en ljocht. Heit neamt it lytse famke Syn ‘libbene gedicht’; For hjar en 't wiif to skreppen, Det fâlt him och sa licht. Mem wit net, hwa 't se 't lieafst het, Hjar man of 't lytse bern; De ljochtskyn fen hjar herte Kin m' yn hjar eagen sjean. It is in hearlik toanieltsje, Dy trije mei elkoar, Nou 't yn it West de sinne Stiet for hjar gouden doar. [pagina 89] [p. 89] Heit, d' earm op memme skouder, Wiist nei it mûtle bern; Hja wirdt net wirch, om d' ingel. Hjar ingel, oan to sjean. Troch 't finster kipet it sintsje, En forgiet hast fen de nocht, En struit oer 't blanke berntsje Syn lieaflik gouden ljocht. ‘Dou bern, ljocht fen dyn âlden, Dou minske, yet yn de knop, O, groei ta 'n blom fen ús fjilden, Ta 'n hearlik pronkbyld op! Biwarje altiid yn d' eachjes Det kleare djippe blau; O bliuw sa lang ast libbest, Oan dyn berne-ienfâld tron. ‘Wird ienkear in flinke Friezinne, Fen holle en herte soun; In sintsje for dyn âlden Yn 'e libbens skimerjoun!’ Det lústert de sinne under 't sinken, En laket en winkt sa blier; Troch 't keammerke rûst in lofsang Fol himelwille en tier. Vorige Volgende