It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 84] [p. 84] Allinne op de wrâld. fen T.E. Halbertsma. In grize sit klomsk yn syn wente, Sa tsjuster, sa leech en sa kâld. Syn libbenswei rint for him hinne - Hy is sa allinne op de wrâld! Rjue bylden fol lok fen 't forline Dy tsjoent him syn geast wer tofoar. Hy sjocht wer syn wiif, do 't hja bern wier, As faem, en as wiif - do 't hja stoar. - Hja boarten as berntsjes togearre, En hieden allinne gjin rêst. Al hwet s' op it spylplak ek diene, Hja diene 't togearre it best. Hja pleagen, hja hunen, hja narren, Hja troaiden en treastten elkoar. En kaem it ek wol is ta fjuchten, Dôch hongen hja tige oan enoar. - [pagina 85] [p. 85] Hja sieten by jountiid foar 't finster En wisten hjar wille gjin ein. It reaunte fen iwige trouwe, Fen lieafde en fen lok sûnder ein. Yn Maimoanne wierne hja boaske; Hja krigen 't nei winske en wâld. Hja skripten en bodden mei wille, En hiene 't sa rom as de wrâld. Hja fierden hjar silveren brilloft; Hy sprong mei syn bern yn it ronn, En helle syn breid yn de govert. Hwet hiene s' in wille dy jonn ! En wol mocht it lokkich him fiele, Det fleurige silveren pear; Al 't lok, det it trouwen yen jaen kin, Det tôge 't yn oerfloed hjir gear. In heislik fordylgjende siekme Brocht ûnrêst en leed, ja, de dea. En eltse dei bromden de klokken Oer 't neare en it delbûke gea. [pagina 86] [p. 86] En 't pear fen de silveren brilloft, Teach kritend de bern êfternei. Hjar bern, 't wier in soan mei in dochter, Hjar lieafste, det brochten hja wei. - Yn skimerjoun sieten dy âldsjes Togearre by 't útbarnde fjûr. Hja wieren hast fyftich jier troud wêst En tochten hjar libbensrin oer. ‘Hwet ik ek forlern ha, myn bêste,’ Sa spriek er, ‘dou bist by my bleaun! Don hest it fortriet mei my parte, In diel fen myn soargen fordreaun.’ - In grêf het de deagrawer makke; In deafet sinkt 'er yn wei. 't Waerd brocht fen in strampelige âlde; Hy sjocht it forbûke êfternei.... Nou sit er yn d' útstoarne wente, Sa akelik leech en sa kâld. Hwa scil him syn leed nou forswietsje? Hy is sa allinne op de wrâld! Vorige Volgende