It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 81] [p. 81] Merke. fen P.J. Troelstra. ‘O hearink mem. hwet is 't nou mâl! Ik kin myn kroantsje n't fine! Hwêr scoe 'k it snein dôchs dellein ha? Hwet sit ik yn de pine!’ - ‘Wel ju, dou hast it om 'e hâls; Hwet bistou dôchs oerstjûr. Dy merke, och, och, det is hwet mâls! Fij, wier det spil mar oer!’ - ‘Heit, wyt j' ek, hwêr 'k myn pypke brocht? Det mei dy silv'ren dingen. 'k Hab ek yn 't kammenet al socht; 't Leit oars by memme ringen.’ - ‘Ei ju, hast mei dyn noas wer socht? Dêr leit it; sjochst it net? Dy merke hat fen 't spoar dy brocht; Fij, wier det mar biredt!’ - [pagina 82] [p. 82] De bisten binne al lang to plak: Dêr om de tsjerkhôf beammen; De fammen binne ek al yn 't jak, En tsjogge nei de kreammen. Hja glimme as bûter yn it fet, En glimkje as 't sintsje blier; De feinten binne allike glêd, Mei oalje en fet yn 't hier. Dy kypsen fen it fynste strie Mei blommen dêr om hinne; Dy floddermûtsen, wyt as snie; Earizers as in sinne; Dy wankjes, sêfter as ferwiel, En read wol as in kjers; Dy eachjes as in sinnestriel... 't Is allegearre yn d' es! Det rint en draeft dêr op en del To laeitsjen en to gobjen; Det fljucht sa rimpen en sa tel; Det wirdt net ba fen 't snobjen. Det krielt en kringt dêr troch 'noar om; En mannich feint, sa smûk, Pakt mannich famke loddrich om, En lústert hwet to mûk. Nou is it joun, en feint en faem Gean dounsjende nei boppe; [pagina 83] [p. 83] In sule, dy 't nin famke naem! Elts dounset mei syn poppe. Den wird' de stoellen by 'noar set: Ien glês for feint en faem; Den triuwkje en tútsje en flaeikje: ‘Hert, Ho bliid bin 'k, det 'k dy naem !’ Op 't lêst nei hûs; it hert sa fol, By 't swietst petear allinne; It famke, och sa goed en gol, De earmen om him hinne. Hjar holke nei syn skouder giet, Heal yn de dod hast wei; Mar tútsjend yet en lústrjend yet: ‘Ho lieaf, ho lieaf ha 'k dy!’ Det is ús Fryske merkenocht; Hwêr is sa'n nocht to krijen? Us fammen binne rjucht en sljucht, En noflik yn it frijen. Mei 'k ienkear nôch sa'n famke ha, En den út Fryslân wei, Den bliuwt my 't libben, wol ik ha, In iiwge merkedei! Foarjiersmoanne, 1880. Vorige Volgende