It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende De moaije Maitiid brocht my lok. De moaije Maitiid brocht my lok; Mar lok, mei ûnk formingd. De simmer naem myn dreamen mei - Hwet my de hearst nou bringt? De giele bledden stouwe wei, En keal stiet ringen 't wâld. Binn' sa myn dreamen ek forflein? Wirdt nou myn herte al kâld? Nôch stean 'k net foar myn libbenshearst; Scil 'k nou al ôfstân dwaen Fen jonkheids dreamen, lieafde en lok? God, wol my lieafde jaen! Yn lieafde fyn 'k myn Maitiid wer; Fyn 'k steun yn libben's striid; En lieawjend wirdt my 't hert wer rom; Wirdt my de wrâld wer wiid. Onno. Vorige Volgende