It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] Al to grien. fen J. Jouwersma. Ik hab in fnjend pearke kinnen; Det frijde 'r bare drok op ta. Hja wierne ek altiid iens fen sinnen. Me seach it omtrint nearne sa. Hy woe for hjar wol libje en stearre; En hja woe altiid sa 't hy woe; Hja koe it noait by him bidearre, En 'k leau, det hy 't by hjar net koe. 't Wier freamd en bryk, sadet de minsken Der suver nin forstân fea hien'; In hopen wierne 'r, dy 't al winsken: ‘Och, det wy ek sa lokkich wiern'!’ It sprekt fen sels, sa'n pear moast trouwe; Hwet alden hien' dêr hwet op jin? Hwent ommers, 't scoe altiid sa bliuwe; Det koe me hjir foarút wol sjean. [pagina 79] [p. 79] Hja trouden, en it gyng ek tige, Me spriek er allegearre fen. Nea hie der ien sa'n wyfke krige; Nin famke krige ek ea sa'n man. Hja hiedene oars in bulte wille; Mar ien ding wier altiid biroerd, Me mocht er swier of licht oer tille, Der wie gjin modder oan de kloet. ‘Det wier sa slim net,’ scil me sizze. ‘Hja wierne jong; mar dôch, 't wier slim; Hwent, op it wirk hjar út to lizzen. Wier noait it wyt fen hjar of him. Mei wirk koen' hja hjar net bimoije: Moarns bleau me tige lang op bêd; Deis die me neat as boartsje on djoije, It frijerslibben yet net sêd. Det kamen d' âlde ljue to witten; Dy teagen ris nei hjarren ta. Hja seagen hjar dêr by'noar sitten, En fregen: ‘Berntsjes, kin det sa?’ Mar hy sei: ‘Ja, ho scoe 't oars kinne? Wy binn' nou ommers man en wiif; En moast hja 'n hiele dei allinne, Det joech tofolle ûngeriif.’ [pagina 80] [p. 80] Do teagen d'âlden mar wer hinne; Dêr koene hja nin byt oan dwaen. Al sein' hja: ‘Det 's nin wiere minne’ - Hja wiern' net by'noar wei to slaen. Lang hat it lykwols sa net dûrre; Hwet spil bliuwt sa ek foarelkoar? Al waerden s' earst fen d' âlden foerre, Ga[u] stien' hja foar de earmfâldsdoar. Vorige Volgende