It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 98] [p. 98] Net Rêste. fen O.H. Sytstra. 'k Bin wirch fen it striden; Langhalzjend sjoch ik út nei hwet rêst. - ‘Né foart, to! yn 't fjûr; dou moast kampje, En wraxelje seilstou en fjuchtsje ta 't lêst.’ Och efkes, oars moat ik biswike! - ‘Biswyk, 't is my goed, mar né, rêste scilst net; Biswyk yn 'e striid, min scil laitsje; Gjin ien, dy 't in meilijend wird for dy het.’ Mar siker, ik kin net mear; efkes, Hiel efkes mar, det scil my krêften werjaen. - ‘Hwet sjoch ik, dyn wapens litst sinke? Witst wol, hwet min wend is mei lefferts to dwaen?’ Genade, myn krêften bijaen my! Hwêrfor dochs dy swiere, dy einleaze striid? - ‘Hwa jowt dy it rjucht om to freegjen, Hwennear min foar 't each fen 'e fyan dy liedt?’ [pagina 99] [p. 99] Och siz my it doel fen det kampjen. - ‘Don sciste 't wol sjean op syn ûre en syn tiid; Brûk dou mar dyn krêft om t' oerwinnen; In romfolle frede is it ein fen 'e striid.’ Mar och, my ûntbrêkt it oan krêften! - ‘Hwa hat op 'e wrâld ea wol krêften to min, As hy mei d' oerwinning foar eagen De kamp tsjin 'e fyan ta 'n ein bringe kin? ‘Gryp moed en dy wachtet de sege, En den, nei dy sege, de frede en de rêst! In minachte slaef wirdt de leffert; In kening windt hy, dy 't it folhâldt ta 't lêst. ‘Striid den, striid tsjin slawernije; Striid de swiere libbensstriid; Ienkear scist d' oerwinning krije, Rêst en frede, o goudne tiid.’ Vorige Volgende