| |
| |
| |
Hetsjemoi.
fen
P.J. Troelstra.
Hetsjemoi wier sechstich jier,
- 't Jongste wier der ôf! -
Ronflich 't fel, en griis it hier,
Do 't hja faem wier, jong en derten,
Hien' de frijers hjar forgetten.
't Kin al mâl, seit jamk myn heit,
Hetsjemoi waerd yet de breid;
Breid fen sechstich jier.
En hja boaske, kin 'k fortelle,
Mei in âlde widner, Jelle.
Bodsjend strample er oer it paed,
Do 't er sa krebintich waerd
Hwent hy koe him net mear warre;
En in faem - det mocht net barre!
| |
| |
't Wier in moaije simmerjoun;
Lykme allinne; en op de groun
Oer de griene fjilden trille
't Lêste sinneljocht fol wille.
Hetsjemoi, de hannen gear,
En de tank oan God de Hear
En de strielen fen de sinne
Dounsen, boartene om hjar hinne.
Dêr kaem Jelle-om oan de doar;
Heal forbjustre kaem hja foar;
Gau wier'n kopke en pantsje helle,
En dêr siet ús âlde Jelle.
Deales wirk; syn mûledoar
Siet mar fêst op 't slot;
't Hege wird det siet 'er foar;
Do 't er op syn dré wer rekke,
Sei er: ‘'k Woe jou efkes sprekke.
Jy en ik, wy wirde al âld;
't Rint nei 't alderlêst;
| |
| |
Ja, sa giet it yn de wrâld,
Mar, foar 't wy oan d' ein ta reitsje,
Kinn' wy 't ús yet nochlik meitsje.
'k Henkerje sa'n tweintich jier
Mar det wirdt my nou te swier;
'k Ha 't sims neat to rom.
Gau bin 'k wirch en ôf; hwent wrammels,
'k Stean net fêst mear op myn skammels.
‘En it libben, det jy ha,
Dêrom - 't liket mâl - mar ja,
't Mat my nou fen 't hert:
Lit ús, foar 't w' alhiel forslite,
Yet de fodden by 'noar smite!’ -
Do wier 't stil in amery;
Sonk de sinne yn 't Westen wei;
't Swirk wier suver blou.
Hetsjemoi, hwaens eagen blonken,
Like yn al dy pracht forsonken,
Nou, det dûrre dêr sa hwet;
‘'t Komt sa hommels my oer 't mat;
| |
| |
‘Dat is bêst,’ sei Jelle-omme,
Scil 'k den moarn mar wer ris komme?’
Det wier goed; en Jelle foart:
't Waerd him dêr to near;
Hwent in hammerke yn syn hert
‘Mat det sloaf,’ klonk 't yn syn herte.
Diel habbe oan dyn soarch en smerte?’
Gau is nou de lampe al op
Hetsje slacht de bibel op,
Det it bêste minske ús eren
Neiliet om er út to learen.
Hin, 't âld minske blêddet om
En hja lêst, en 't wirdt hjar rom:
't Tsjuster wirdt toskûrd.
‘Lieafde,’ lest se, ‘is 't heechste en bêste,
Lieafde is 't earste en 't alderlêste!’
- Wippe 'r ingels yn de flecht
Pronkje s' âlde Hetsjen op
Stri'elen struije s' om hjar hinne;
Ljocht, sa suver as de sinne! -
| |
| |
‘Tank, o Hear!' seit hja op 't lêst;
'k Scil myn bêst wol dwaen,
Om him by syn soarch en lêst
Lieafde en treast to jaen.
'k Scil yn 't goeddwaen nea net rêste;
Lieafde is ommers 't heechste en bêste!’
D'oare jouns: ‘Der wier 'k al wer,’
'k Scoe my goed bitinke, hear.!
Wol jy mei my oer de planke?
Mannichien hie daelk bitanke.’
Glimkjend sei hfa ‘'k Nim it oan;
Op my sels; wy kinne 't skoan
“Wy kinn' 't wol togearre fine,”
Sei de kreuple jin de bline.’
Do 't dit nijs bikind waerd, sjoch,
Fleach it tel de burren troch;
En de wyfkes, jonge en âlde,
Koen' de mûle er net fen hâlde.
Nou, hja troud'n yn 't lêst fen 't jier;
't Fjild wier wyt en kâld;
| |
| |
Mar de sinne ljochte blier
Sa barnde ek yn Hetsje siele
'n Hearlik ljocht mei suvre strielen.
Hetsje húske kamen s' yn;
Earst gyng 't wakker foar de wyn,
En, wier Jelle-om simmes senrich.
Hetsje makke 'm wol wer fleurich.
Mar de simmer wier yn d' ein;
Hearstwyn skûrde oer 't lân;
Unwaersboijen, stoarm en rein
Jelle siek; de minsken seijen:
‘Nou bigjint for Hetsje 't lijen.’
Sint dy tiid hat d' âlde man
D' ein wier fen syn lijen wei;
Mar al mocht hja skrippe en skûrre,
Jelle-om grynde en grande en gnoarre.
D' âlde bodder waerd sa koart
Stymsk en noartich; 't wier in lot
| |
| |
Mar hja bleau der fleurich ûnder,
Soun en sterk; it wier in wûnder!
't Waerd al minder: tweintich kear
‘Hetsje, 'k liz my wer sa sear!
Tweintich kear kaem 't âlde minske.
En forlei him, sa 't er 't winske.
Drankjes koed er net mear ha;
't Holp dôchs ek nin bean.
Hetsje, det getsjirm al ba,
En hja sei: ‘For jou is 't bêste
Drankje: in steech gedild en rêste.
Jy ha dôchs net om de nocht
't Hat jou dôchs hwet fierder brocht? -
O, den kin er wol tofreden
Wêze yn ûnk en swierrichheden.
't Skipke silet earst sa blier
Alles liket fleur en tier;
Komme 'r letter swiere boijen,
O, dat 's earst in hopen lijen.
| |
| |
Njunkelytsen wirdt det oars:
Dy 't it roer fen 't skipke hâldt;
Greater mei de stoarmen wirde,
Stjûrman kin 't nou hiel wol hirde.
Frjeunlik gloarjen sjocht,
En syn reize oer libben's sé
Scoed er den yet grine en kleije
Om 't sa wyld de weagen jeije?’
De earme bodder seach hjar oan:
Hetsje, wiif, wy habbe 't skoan
Dou forsoargest' my yn 't lijen,
Sûnder ea dy sels to mijen.
‘Frjeunlik sintsje fen myn joun,
'k Hab yn dy in herte foun,
Bêste siel, dou heste wakker
Skript en wrot for d' earme stakker!
“'k Wier yn 't lêst hwet al to hird,
| |
| |
'k Sei sa mannich noartich wird:
Hetsje, dy 't oan 't kriten rekke,
Sei: Der mastou net fen sprekke,’ -
Neijer kaem de dea, en song
Alles, hwêr syn herte oan hong,
Stearrend drôge er fen in libben
Sunder leed, mei al syn sibben.
Sels yn 't kampjen mei de dea
Mat hja disse wrâld forlitte,
Oer it grêf, dêr bloit hja yette.
O, in dream is 't libben dôch,
Dreamend is me hjir in toch,
Alde dreamen mei' forstouwe,
Iwich scil me nije bouwe!
't Is wer simmer, 't is wer joun.
Hetsjemoi; 't is stil yn 't roun;
| |
| |
Dauwe dampet fen de greiden,
Fûgels tsjotterje yn de reiden.
Fier oer 't fjild sjocht, waerm en rea,
't Kleed fen dauwe om de lea,
't Slûge sintsje bûgt it holke, en
Winkt hjar ta út gouden wolken.
‘'k Bin sa slieprich, 'k jow my del
'k Bin sa wirch fen 't deiske wirk,
Swiete slomme scil ik smeitsje,
Dreamen scille my formeitsje!
Hastou ek nin sin oan rêst?
Libben is it selde as lêst;
Scoestou, âlde, yette weitsje?
Sliep, wy wolle wille smeitsje!’
Hetsje glimket, o sa blier.
Ljochtet sinneskyn fol tier...
| |
| |
D' eagen ta for d' iiwge slomme...
Súntsjes - súntsjes... ‘Ja, 'k scil komme!’...
Golle frede is ek to lêzen
Yn de loaits fen Hetsje wêzen.
Do 't me kaem de oare dei
‘Hearink, Hetsjemoi is wei!’
Nei 't hja hjar nei 't hôf ta brochten
Wiern' er gjin, dy 't oan hjar tochten...
Mar dou libbest yn myn liet;
Garen stypje yn leed en striid,
Om dy selme tochst' it lêste;
Lieafde wier dy 't heechste en bêste!
Mannichien poft op syn jild;
Oaren siikje in hege steat,
Hwêr binn', dy 't oan Hetsje lykje?...
Riken, learden, greaten - SIIKJE!
|
|