| |
| |
| |
Oarsaek en Gefolch.
fen
J. Jouwersma.
Ik hab in aerdich famke kind;
Of aerdich... hja wier net bimind;
Meast om hjar freamdichheden.
Hja droech los hier - det heart nou sa -
In smel earizer woe se n't ha,
Mar 't praet gyng, wol in breden.
Hja wier hwet oars as d'oaren klaeid:
Mei lint en flinten swiid binaeid;
Die hie hja nôch al folle oan;
Mar al hjar freamd, ûthiemsk fortoan,
Dôchs hie der mannich sin oan hjar;
Ja, 'k doar hast sizze, hja hie kar
Ut feinten, wit ho folle.
Mar mannichien roun by hjar blau;
De measten sâlte hja wer ou;
Den hie se 't yn de holle.
| |
| |
Us frijers, tocht hja, bin ik sêd. -
Op 't lêst - dêr kaem ien út de stêd.
Ik leau, wol helte langer
As wy; hwet bleek en skrael, mar oars
In hiele banjer; ûnd're noas
Dy wier ús Pierkje wol nei 't sin;
Nou leau ik siker, tocht se, kin
'k My earst forgoed formeitse;
Ik leau, hy mient it my ek goed!
Nou ha jimm' lins, Jan Ates Sjoerd;
En f'ral dy droege Feitse.
Hjar heit wier oars hast op 'e fles,
Mar nou kaem dêr de boel yn d' es;
Hwent foar de finsterruten
Der kamen nije kleeden foar;
Yn 't koart, sa gyng it ien nei 't oar,
De stedman kaem er Sneins ek trou;
Den praette'r Fransk tsjin d' âlde ljuw';
Dy mochten det wol hearre;
En - wier oars d'âlde man hwet kloek -
Nou koft er ‘Kramers Woordenboek’,
En 'n Franske dictionnaire.
Dêr stamm're Pierk den deis yn om;
Fen sels, it sloaf wie tige dom;
| |
| |
Hwet scoe s' er mei bigjinne'
Licht kaem s' is op in societeit,
En scoe hjar, sa 't me den wol seit,
Gyng 't den ‘gearmd’ de bûrren lâns,
Den praetten hja nin Frysk, mar Fransk;
Hy neamd' hjar Mad'moiselle;
Den hie 'r it drok oer rendez-vous;
Dêrfen bigriip hja ba noch boe;
Mar och, det mocht me n't felle.
Hy makke den hjar heit ek wys:
‘Ik hab yn Londen en Parys
Rjue fen dy neven wenjen;
Ek faek wol oan de ljuwe, dy
It oars net heal fortsjinje.’
Hy sels wier al in reed yn 't foar:
Hy wier oan 't Telegraefkantoar;
- 'k Leau yn de toalfte klasse. -
Lykwol hy wier de chef syn pop;
Licht kaem er ringen heger op.
Sok praet stie Pierkje heit wol oan;
Hy wier forgulde mei syn soan
En sei tsjin hjar: ‘Nou fanke,
Is hy sa goed ek nei dyn sin,
| |
| |
Pak den mar ta, om myn part kinst'
Wol mei him oer de planke.’
Sa frijde Pierkje det 't hwet die;
Lykwol, hjar Piet de stedman wie
't Net heal to dwaen om krijen.
Mar dêr seach Pierk nin grevel fen;
Hja die him alles nei it sin,
En hy wie lang net mijen.
Det dûrre sa in hiele set;
Mar do - hwa 't kaem, de stedman net!
‘Hwet mei der nou oan skele?’
Sa frege Pierk, en mannich mei.
De stedman bleau mar jimmer wei;
It moast hjar wol forfele.
Hja waerd nei 'n hoartsje al gau net goed;
Me sei: ‘Hja hat to folle bloed,
En mei wol litten wirde.’
Dat waerd ek dien, mar 't holp hjar net;
Dy stedman tocht hja om mei smert;
Hja koe 't hast net mear hirde.
Hjar Piet wier lykwol flink en soun;
Forskate, dy 't yn skimerjoun
Him yn de stêd wol metten;
Den roun er mei in stedske faem,
Dêr 't hy ek earder al by kaem;
Nou hied er Pierk forgetten.
| |
| |
Hjar heit dy hearde dit al gau,
En sei: ‘Dit fait my danich ou!’
Mar Pierk det wier yet slimmer;
Dy tocht oer 't jinge er bard wie, nei,
En grynde en kwynde nacht en dei,
En skriemde en snikk're jimmer.
De feinten waerd it ek bikind;
Dy sprongen út it fel omtrint,
En sei 'n: ‘Soa, moaie selle!
Ho is 't nou mei de rinnende poes?
Hest' yet dyn boeken yn de hûs?
Kom, wol 'is hwet fortelle!’
Hja waerd allinken âld en stiif,
En nimmen frege hjar ta wiif,
Al mocht s' er ek om skrippe.
Mar siz 'er net tofolle fen.
Hwet hjar bireind is ommers, kin
|
|