| |
| |
| |
Sinteklaes.
fen
O.H. Sytstra.
It roun tsjin Sinteklaes, de tiid, det jong en âld
Yn 't bliid foarútsicht al it herte rêdder kloppet;
As hwa 't oan 't jild net leit, de folle winkels roppet;
As 't binnenst warem is, al is 't ek bûten kâld.
Mar for de âlders f'ral is 't den in blide tiid;
For hjar binammen, dy om 't jild net hoev' to tinken;
Hwet sjogg' hja 't berne-each al yn 't foarútsicht
't Seit hjar in nocht foarút, o, bûtenwenstich swiid.
Mar d' earme bodder, dy for him en 't húsgesin
Mar krekt genôch hat om it libben by to hâlden;
Dy brek en lijen by de dei wer nije fâlden
Bisoarchje, o for dy is den it útsicht min!
Hwet docht it him net sear, as 't berntsje, ienfâldich
Oan heit en mem fortelt, hwet hy tinkt, det mei
| |
| |
Hy wol to wachtsjen hat; de bern, dy 't mei him
Dy krigen ek in sjou, sa hiene hja him sei'.
Pier Fedzes berntsjes ek hien' thús oan mem en heit
Al nou en den forteld, ho 't hja der nei forlangen,
Det Sinteklaes hast kaem; en kleur kaem op hjar
By 't praten oer dy tiid sa fol fen sillichheid.
Mar Pier en 't warber wiif, och, 't moed det waerd
As jouns de berntsjes, foar det hja nei bêd ta gongen,
Mei 'n bliere troanje om hjar stoellen hinne hongen,
En 't hienen oer folop, al wier de mage ek hôl.
Hwent wol wier Pier en 't wiif nin wirk to folle wêst,
Mar 't wier in minne tiid, in bytsje waerd fortsjinne.
Hwêrmei scoen' hja hjar bern nou wol bijeft'gje kinne?
Dy stimpers leauden oan dy goede Sint sa fêst.
Mar 'n sinneblink joech dôchs yn d' earme went
Hwent op in joun, do 't Pier fen 't wirk wer 't
Wier 't ef de goede Sint him al foarüt forsocht hie;
Hwent d'eagenfjurken him fenswiid ynwindich nocht.
‘Komoan’, sei hy jin 't wiif, ‘nou sjoch ik den
| |
| |
Det wy to Sinteklaes hwet for ús lieawe bern ha;
't Is goed, det wy de moed mar net to gau forlern ha:
In wirkman lyk as ik is dôchs yet wol hwet mânsk!
‘Nou hab ik in karwei, det ik, as 't slagje wol,
Tink' wol foar Snjeuntejoun yet hoopje klear to
Hâld moed oan 't Snjeuntojoun, den binn' wy út
En 'k liz in moai stik jild foar dy op tafel dol.
Moarnier is 't Tongersdei; den mat 'k bytiid
Rop m' om seis ûre mar, den kin 'k om saun bigjinne.
Don witst' wol, ús karwei is hjir in ein fen dinne;
In foech healûre gean is 't fen ús on nei stêd.
Ik kom hwet letter thús, dos wachtsje my mar net;
'k Mat mar hwet mear poat-oan; det leau ik, det
Sadwaende scille ús bern, as 't Moandei Sinteklaes is,
Sjean, det de goede Sint hjar net forgetten het.’
En d' oare moarns wirdt Pier bytiid oan 't wirk
Al skript er him yn 't swit, hy skynt it net to tellen;
Hy kriget nije krêft, troch him wer foar to stellen
De blydskip fen syn bern op Sinteklazejoun.
| |
| |
't Is joun. By Pier oan hûs, dêr skript it warber wiif;
It' wirdt moai let, en nou scil wis hjar man gou
't Is kâld, en komt er thús, deadou en heal forklomme,
Den het er wis ek graech hwet warems yn it liif.
De bern habbe ek al langst; hja longerje ek op hwet.
‘'k Woe wol, det heit hast kaem!’ - ‘Mem, scoe
Mar mem - hja het nou krekt it lytse hert yn
Seit: ‘Ja, mar stil; jimm' sjogg' det Minke sliepe raat.’
Dêr is ien oan de doar; hja seit: ‘Dêr is er fêst.’
Elk sjocht al op; mar né! Hwet scoe dy man
Hy liket oandien, en syn lûd niis krekt sa trille...
Hy sjocht hjar treurich oan; 't praet wol, sa 't
Hja is yn 't earst binijd. - Mar God!... scoe
Scoe 'r ûnré wêze sims? - Hjar man, hwêr mei
Hat hy - in ûnk meiskien...? Né, hja wol
Mar sjocht se dêr net yn dy man syn each in trien?
En nou 't de man op 't lêst sa freamd oan 't praten
| |
| |
‘Hja moast net skrikke, mar... hjar man...’
Det der in ûnk bard is, en bleek fen kjeltme sit hja
To harkjen nei de man dy dêr to praten stiet.
Hy seit hjar ho 't hjar man niis krekt sa by it wirk
Net sjoen hie, ho 't in stien - det bart by 't
Ho 'n stien fen boppen kaem; hy krige 'm op
Hwent wiken koe net mear, do 't hy 't gefaer bimirk.
En nou... Hja wit it al! O God, hjar earme bern!
Hwet scil hja for dy earme stimpers nou bigjinne?
Hjar steun, hjar heit is wei; hwêr moat ik mei
Hja sels: hjar brave man, hjar styp' hat hja forlern...
't Is Moandei, Sinteklaes; me sjocht rjue berntsjes
Mei koerkes yn de hân: Sint hat goed by hjar riden.
Dêr komt in deafet oan - hja gean bidest fen siden,
En bliuwe, om'tnei to sjean, yet op de wei hwetstean.
|
|