It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende 't Jonge libben mat 'is rûze. 't Jonge libben mat 'is rûze, Brûze, skolperje yn ús om. Sjoch de wrâld, sa wiid en rom! Lit ús net mear sitte en soeze. Lit my sile oer Fryslâns marren, As de stoere hearstwyn rûst; As 't oer alles hinne brûst, Hwet in wille, den to farren! Lit my mei de fammen djoije, Boartsje, frije sûnder ein; Lit my lieawje, goed en rein, For it moaije en wiere gloeije! O, de moaiste tiid fljucht hinne. Al myn dreamen lykje skom. Hast is libbens moarntiid om - Heger, heger kliuwt de sinne. Lit my laitsje, lit my minne, Lit my sjonge, froed en from! Pieter Jelles. Vorige Volgende