It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 54] [p. 54] Ier fortige. fen lu-Tsen. Der wier in famke yn ús gea Mei 'n kearsread mûlke en kante lea: Hja wie sa gol, hja wie sa goed, En - modder siet er oan de kloet. Faek barde 't, det by disse faem Op Sneintojoun in frijer kaem; Mar hwa 't er kaem fen fier en hein, Gjin ien kaem wer in twadde Snein. Do kaem en frijde om hjar de Dea; Hy patte hjar de wankjes rea; En nei 't er 't famke grien oanseach, Do flikkren stjerkes yn hjar each. Ho 't famke 'm kearde, en suchte en bea, Net wike woe de hirde Dea; Och, as er yn hjar earmen fleach, Den roun 't hjar iiskâld oer de rêch. [pagina 55] [p. 55] Syn amme krong hjar skerp troch 't boarst; Sa kriget hja in droege hoast. As hy hjar triuwt - hy triuwt forwoed! - Den brûst er op in gjalp fen bloed. Ho 't heit ek bidt, en mem ek kryt, Hja moatte 't bern, hjar alles, kwyt. Ien hearde al yn de jountiid, let, Det timre waerd hjar houliksbêd. En 't famke keart mar altiid jin, En laket mei dy kâlde min; Mar einlings fielt se, hja moat mei, By mem, by heit, by alles wei. O, 't skieden falt hjar earst wol hird, Mar treaste fynt s' yn 't Heilich Wird; Hy, dy 't hjar wei wit en hjar lot, Syn dwaen is lieafde - Hy is God! Hwet mear hja nou de Dead oansjocht, Tomear blinkt yn syn wêzen ljocht. It earnstich each strielt dôch ek blier, En 't skieden falt hjar minder swier. Sims kin der telle fen in lân, Dêr s' ienkear komt oan breegman's hân; Hja scil yn súvre sillichheid Der wêze as Himelkenings breid. [pagina 56] [p. 56] Hjar ûre sloech; de Breegman kaem, Det hy syn breidsje ta him naem; Hy lústre súntsjes: ‘Teare blom, Bloi yn myn hôf; lieaf famke, kom!’ En do 't hja nei hjar Breegman seach, Stoe Jezus selme foar hjar each. Hy hie hjar hert, hy naem hjar hân; Hy brocht s' as breid yn 't Faderlân. Vorige Volgende