It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende By 't Keatsen. Ik wie by it Frjentsjerter keatsen, En hie det maar net foar 't forstân; Mar ien treast - der wieren ek frouljue, De pronk fen it Fryske lân. En hie 'k gjin begryp oer de ballen, Lyk as Bonnema en Van der Wal, By de fammen, dy 't ik dêr sjoen ha, Wierne moaije, sa wiis wie 'k al. Ien wie der mei wite fearren, Dy waeiden hjar op de hoed. Dy wie dêr de aldermoaiste, Det seach ik tige goed. Mar ek fen it keatsen hab ik In bytsje sjoen en heard; Ik wit, ho 't de ballen hiette, En nou ha 'k er dit fen leard: Det famke mei wite fearren, Mei hjar glimkes, yn al hjar dwaen, Det is for my in pripper: Dy binne net út to slaen. Pieter Jelles. Vorige Volgende