It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 50] [p. 50] Nei de stoarm. fen P.J. Troelstra. Utboldre binn' de byljende stoarmen; Weifage binn' de wramende wolken, Dy niis yn neare nacht it swirk, Yn swarte rouklean 't loftrom klaeiden. En heech oan de heldere himel laket It maisinke, en klaeit nou de loft yn breidsklean, En spegelt him yn de dampjende dripkes, Dy blinkende hingje oan it bûgende gêrs, Allyk rjue triljende triennen blinke Oan d'eachteisters fen in jongfaem, hwaens leed It boarst ûntteach, toraend yn perels. Moarjer bloije rounom de blommen. Hja stekke bitroufol de kopkes omhegens, As 't bern, det op memme skirte krûpt, En oan it troue boarst him flijt, En yn hjar golle laeits forjowing, En yn hjar eagen lieafde lêst. [pagina 51] [p. 51] In wazem fen fleur, fen frede en ten tank Driuwt as wiereek de himel nou yn. De fûgels krûpe út de smûksmoute herntjes, En slobberje en slabberje 't wiet út de goatte, En wjukkelje en boartsje yn de wetterdobbe om, En dûkelje en tripkje, en hja skodsje de plom út. Den riist er ringen in lofliet Fen tûzen tankbere tongen, En d' ierde ropt, yn in hearlike koarsang, De sinne 't wolkom ta. Ek dou, myn hert, Och stúnje net, Lit troch dy fleur dy liede; Ut neare nacht Kaem lieaflik ljocht - In paradiis is d' ierde. Al is dyn leed Ek wyld en wreed, Al wol dyn sinne n't skine; Al toarkest stom Yn tsjuster om, En kinst gjin útwei fine; Al stoarmet fel De heil ek del, En wirdst toknoeid, toplettre; [pagina 52] [p. 52] Al hat de blits Mei flits op flits Dyn moaiste dream toknettre. - O, stúnje net! Fortwiv'lje net, Wol net yn 't leed forsinke; Al beart it mâl, In sé, sa hôl, Lit net troch 't kwea dy winke! Al broeit nou ek It wolkethek Dy driigjend oer de holle - Dêr boppe stiet De sinne yet, Dy mylde, libbensfolle! Is earst de rein It swirk ûnttein, Den scil dy 't hert optille: Den struit oer dy Wer myld en rij De sinne in séfol wille. It fûgelkoar Sjongt dy tofoar: Wês man; dou sciste winne! Hark det gerop, En stean wer op! Kom, sjoch 'is om dy hinne! [pagina 53] [p. 53] Boppe yn it swirk, Gods moaiste wirk, Stiet de iwich ljochte sinne; En njunken dy Blinkt d' ierde blij - Kreas as in Keninginne! Simmermoanne, 1881. Vorige Volgende