It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Joun. It moantsje driuwt oan de himel Yn silveren wolkjes om; De beammen steane to dreamen, As reuzen, stoer, swart en stom; It fjild, det dampet fen dauwe, Leit del yn in djippe slom; Ek de minsken, deadou fen it bodsjen, Siikje rêst yn de fredige plom; De flaechsblom bloit deis mar allinne; Syn bledsjes fâlle of en komnie om; Mar bloijend, myn faem, brekt nou iepen, De lieafde, dy hearlikste blom! Pieter Jelles. Vorige Volgende