It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 48] [p. 48] Rein. fen O.H. Sytstra. Kletterjend kletst de rein jin de ruten; Spielt oer ik paed en weaket de wei; Fûgeltsjes floitsje nin froalike wizen; Heukerjend hokje hja gear yn it grien; Stiif en stymsk. as stien' hja to stunen. Tsjok en tsjuster stiet de loft; Skiere wolken skouwe oern'oar, 'n Hâlde it heldere sintsje biskûl. Rûzend reaget de wyn yn 'e blêdden, Blaest fen 'e beammen it bloisel yn 't slyk. Mei 'n somber gesicht sjocht me sims ris ien rinnen, Dy 't hird troch de rein hinne 'm haestet nei hûs, Wylst de wyn ienteanich blaest yn 'e beammen, Dy 't skine to kreunen, swiersettich to suchtsjen, De blêdden dolskodsjend as skriemden hja sims. [pagina 49] [p. 49] Maeije wier moai wêst, woe sinneskyn bringe; Beammen en blommen, hja bloiden om 't bêst. Nou waeit de wyn wreed dy bloisels yn 't, slyk dol; Hwêr hja forwirde, bismodze en smoarch. Forwâdde en forwaeid en fortrape mei foetten, Bigreatet it lot fen dy bloisels jimm' net? Miskind troch 'e minsken, dy 't blomke fortraepje, Is 't ek jamk it lot net fen 't lieawjende hert? Vorige Volgende