It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 42] [p. 42] Oan it Strân fen O.H. Sytstra. Oan 't strân stiet in reisger, mei wémoed yn 't herte; It libben woech swier him, jamk hird wier syn striid. Syn dreamen fen lieafde en fen lok blieken idel; Nou fierket syn each oer 't ûnmjittelik wiid. It byld fen syn libben sjocht hy yn dy weagen; Sa rôlle for him ek syn libben foarby. De wyn hellet oan; sjoch se rôljen en skouwen! ‘Ja, krekt as myn dreamen fen lok,’ mimert hy. ‘Hin, dêr! Ja, dy hege! det's't byld fen myn lieafde: Sa teach it my sels ek nei boppen, omheech! Mar lyk as dy baer, mei syn skomjende krune, Sa bliek ek myn dream skom, en plofte omleech.’ Der spielt in stik hout op it strân, en hy mimert: ‘Ja, krekt as ik sels. Ienkear foei it yn sé, En dy sé fierde 't mei, nou omheech, den omlegens; Smiet d'iene weach 't wei, den stoe d'oare wer ré.’ [pagina 43] [p. 43] ‘Sa doarme it roun op d' ûnrêstige weagen, Lyk as my it libben nou hjir smiet, den dêr. Oan 't m' ienkear de weagen op 't strân spiele scille; Op 't strân fen myn rêst, as ik libbenswirch stear.’ De sinne sinkt dol yn 'e sé. Tsjokke wolken Dy skouwe derfoar, mar it heldere ljocht Det seamet mei goud hjar, mei silver en poarper, Det de rôljende weagen mei gloedglâns oertsjocht. ‘Myn byld, det 's myn byld wer, sa mimert hy fierder. De sinne, dy sinkt is myn lieafde allyk: De tsjusterste wolken, dy wist hja to seamjen Mei goud en mei poarper: hja makke my ryk!’ Mar nou is de sinne yn 'e weagen forsonken En tsjuster en swart sjean' de wolken yen oan. ‘Sa is ek de himel for my swart en tsjuster, Nou 't ljeafde m' ûntsonk, is myn lok ek forstoarn.’ ‘Mar moarn riist de sinne wer op yn it easten, Den spraet wer dy goudne syn sein yn't rounom. Siz, scil ek myn sinne wer ienkear forrize? O, frjeunlike moarntiid, kom ringen dôchs, kom!’ De baren dy skouwe mar steesoan nei 't strân ta, Hja rôlje oerelkoarren, en 't ynwite skom Det brûst, en de weagen dy boldrje en sjonge In sang fol fen wémoed: ‘kom ringen dochs, kom!’ Vorige Volgende