It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 44] [p. 44] Binnert's sankje fen P.J. Troelstra. Masters Anke! - det, 's in fanke, Nuver kwikker, kreas en kein; Fluch en fleurich as in flinter; Rêd en derten as in twinter; Glêd en skjin as 'n wite ein. Yn de tsjerke en op de merke, Anke is rounom goed to plak. Hjir sa stil wol as in mûske; Dêr sa boartlik as ús poeske, Altiid kreas en twang yn 't jak. En hjar eagen! - as de weagen Fen de mar, sa blau en klear. En hjar lûd det is sa suver! As 'k it hear, ja wol is 't nuver, Binnert is gjin Binnert mear. [pagina 45] [p. 45] Komt hja sneintomoarns yn tsjerke, Mannich mem dy sjocht hjar nei; En hja hopet, det hjar fanke Krekt sa kreas as masters Anke, En sa sedich wirde mei. Mannich grize is fen de wize, As er hjar foarbygean sjocht. Mocht syn soan det famke frije, Of sa'n nommel wyfke krije, O, hwet joech him det in nocht! Mar binammen d'earme wyfkes Sjean hjar bjuster frjeunlik oan. ‘Moai fen bûten - moai fen binnen! Glimkes heste, mar ek triennen!’ D'earme wyfkes witte 't skoan! Foar myn bank is 't plak fen Anke, En hja glimket m' efkes ta; 'k Scoe det glimke n't misse wolle 'k Wird er read fen om 'e holle, En it hert det slacht my sa. Domeny kin wakker preekje; 'k Hear der net sa folle fen, 'k Leau det Anke's yngol wêzen Jowt my moaijer preek to lêzen, As ús doomny meitsje kin. [pagina 46] [p. 46] 'k Hear hjar sjongen; ingletongen, Koene det net súvrer dwaen. - As in faem, sa blank fen eare, Lof ophellet fer de Heare, Moat Him det gjin wille jaen? Sneintojouns kom ik to hjarres; Master woe 't earst lang net ha! 't Is in hiel gelearde prater, En ik meitsje mannich flater, As wy 't oer de boeken ha. Wakker rooke, ysbaerlik smooke En dampe kin er út in strie. En den kin de reek sa krolle Om syn âlde grize holle, Ef 't in wolk fen wysheid wie. En hwet nytlich en hwet styklich Is er simmes ek jin my; Mar syn Anke is al syn libben; Oars den het er ek gjin sibben, Hwent syn wiif is lang al wei. As mei 'n plaster sit sims master Oan syn greate briedstoel fêst, As er 't het oer d'âlde tîden, Do 't wy hjir de Franskes hieden. Prate, man! krekt as er 't lêst! [pagina 47] [p. 47] Einlings binne wy allinne; En wy lúst'rje en gobje sa! Nolker jonnen, sill'ger stounen, As twa herten wille founen, Kin gjin ien op ierde ha. 'n Bliere sinne is wiere minne! Waermte en ljocht struit s'ús yn 't hert; Wylde stoarmen meije beare, Alles kin dy man forneare, Dy 't in wiif as Anke het. Dou myn Anke, mûtel fanke, Bist' my 't bêste fen de wrâld. 't Herte leit my op de tonge, Mar ik kin net sizze of sjonge, Faem, ho 'n bulte as 'k fen dy hâld! Vorige Volgende