It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 38] [p. 38] Twa Minnesankjes. fen Nolo. I. Hwêrearne, wol 'k net sizze; Mar earne yn 't Fryske lân, Dêr leit in aerdich doarpke, Sa sindlik as de brân. En yn det smûke pleatske Haw ik in famke foun, Dy het mei tûzen koarden Myn hert oan hjarres boun. En net mei stedske streken, Mei kinstich eachgedraei, Mei gibeljen en bearen, Mei gekkens en poehaei [pagina 39] [p. 39] Né, troch hjar djippe ienfâld En 't sêft meilijich hert, Kriich hja my yn de fûke, Fortiisde 'k yn hjar net. Hwet ha 'k wol by hjar sitten, Sa mannich blide joun; Dêr fielde 'k my sa lokkich, Sa sillich en sa soun. Den sieten wy togearre, Hjar hantsjes yn myn hân; Den lústere 'k sêfkes, det hja De moaiste wie fen 't lân. Den seach ik hjar yn d' eachjes, En lûk hjar tsjin my oan; Ik tútte 't roazich mûlke, Sa moai as d' iere moarn. Ik song hjar Fryske sankjes Fen 't Poelke en fen Mary, Fen Sytske en hjar forstearren, En 't Blomke tink oan my. Ik song: ‘Dou biste myn Anke.’ Hwet lake hja den blier! Ik naem hjar op de skirte, En krolde mei hjar hier. [pagina 40] [p. 40] Ik aeide 't mûtle wankje, En kniep hjar sêft yn 't ear; Den gong it oan in boartsjen, En 'k patte hjar nôch mear. O hill'ge, sill'ge stounen, O bliuw my jimmer by! Jow krêft, myn leed to dragen; Hâld rjucht myn libbenswei! By 't tinken oan myn Anke, Oan 't alderbêste bern, Mat 'k wirkje, mat ik stride, Giet noait myn deugd forlern. Fen hjar, dy 'k moast forlieze, Is net it byld forgien; It stiet yn 't hert my griff'le As yn in moarmerstien. Ik kin hjar net forjitte, Dy 't alles for my wie; Dy, do 't hja my farwol sei, 't Ut lieafde for my die. O, alderlieafste Anke, 'k Ha 't om my sels net dien! Forjow my, o forjow my! Myn wille is ek forgien. [pagina 41] [p. 41] II. Lieafste Anke Bêste fanke, Dy forjitte kin ik net. Dy allinne Kin ik minne; 'k Haw op dy myn sinnen set. Hjir fen fierens Sweeft dyn blierens, Spylt dyn gollens my trocht 't sin. 't Moaije snútsje, 't Hearlik tútsje, Det ik noait wer hawwe kin. Noait wer gliere, Noait wer swiere Mei ik mei dy oer de baen; Noait allinne Mei dy rinne; 'k Mat dy nou oan oaren jaen! Hwêr mat 'k hinne? Hwet bigjinne? 'k Haw op dy myn sinnen set. O, fen smerte Krimpt my 't herte - Dy forjitte kin ik net! Vorige Volgende