It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 21] [p. 21] De Ûle. fen lu-Tsen. Tsjustere nacht, dy lofsjong ik. Dou bist de skrik Fen 't warleas fûgelt, det neat het as lûd; Nin krêft yn de klau, en yn 't herte nin moed. Lit hjar forstomje; Ik scil dy romje! Tsjustere nacht, dou bist myn frjeun! 't Sinnefjûr gleaun Barnde my blyn, mar dou joechste my earst, Dou mei dyn skaed en dyn koelens, wer treast. Dy wol ik sjonge Mei hert en tonge. O, blyn fen 't ljocht - 'k flokte myn lot; 't Fûgelt ta spot Siet ik dêr hinne, en det narre en hune... Divel! de bek fen in mosk het my woune, Toroppe myn fearren. Ik mocht wol stearre! [pagina 22] [p. 22] Tsjustere nacht, dou strykste del, Myn each strielt hel; Krassend skreau ik fen dead en fordearren: ‘Krêftleaze húnders, 't is d' ûre fen 't stearren!’ Sjoch, ho se skrilje! Det is myn wille. Wrâld dêr omleech, haetsje my frij; Ik laeits, om dy. Priisgje dyn sjongtúch, det flinterkes fret; Priisgje de sinne, hja priisget dy net! Hûchelje minne!... Ik flok de sinne. Tsjustere nacht, dy lofsjong ik. Dou bist de skrik Fen 't warleas fûgelt, det neat het as lûd; Nin krêft yn de klau, en yn 't herte nin moed. Lit hjar forstomje; Ik scil dy romje! Vorige Volgende