It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende Moai binne de mieden. Moai binne de mieden, as 't sintsje yn de dau krûpt, En 't ljurkje yn de greppel syn jounlietke sjongt. O nocht, dêr to wêzen, fen wyntsjes omwjukkle, Wyls 't herte ek in jounsang, né, tankpsalmen sjongt. Den fleane myn dreamen de himel tomjitte, En hwet my ek hindert, dêr fiel ik it net. 'k Wird optild en opfierd, en treaun nei omhegen; 'k Fyn God yn de himel, 'k fyn God yn myn hert. Sa, famke, is dyn hert ek in miede fol blommen; Dêr kipet it earnstige mos ûnder wei. O dêr mocht ik rêste, o dêr mocht ik dreame! Myn inerlik driuwen, myn langstme is dêr nei. Pieter Jelles. Vorige Volgende