It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 19] [p. 19] Foarút! fen S.S. Koldyk. Op, foarút yn 't ierdske libben; Iwich stribje mar nei mear; Fier it yn de wrâld to bringen; Trachtsje altiid nei greater dingen; Jeije aloan nei rom en ear. O, lit det myn leuze bliuwe Op myn hiele libbensrin; Mei ik moed en krêft bisitte, 'k Scil se net forroastje litte, As 'k er nut mei stichtsje kin. Krij ik simmes ûngelokken; Krij ik tsjinspoed of fortriet; Mei' my swiere slagen treffe, 'k Wol dêrboppe my forheffe, En mar hoopje op better tiid. [pagina 20] [p. 20] Giet it my nei 't sin yn 't libben; Hab ik folle foar de wyn, Dêrom wol ik dochs net rêste; Wrotte en stride wol 'k ta 't lêste, Det 'k myn lok yn d' arbeid fyn. Mat ienkear de dei oanbrekke, Dy 't myn ierdske libben slút; 'k Hoopje, ús Lieawen Hear hjir boppe Scil my den ek wer ta roppe: ‘Kom, stean op! 't Is wer: foarút!’ Vorige Volgende