It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 17] [p. 17] Snieklokje fen T.W. Sytstra. As Rûchbird mei syn yskâlde amme For 't foarjierssintsje wike moat, En as er, kampjend for syn namme, Yet strydt, as scoed er nea wer foart; As hy yn Maert mei kâlde fleagen Fen heil en snie him jilde lit, En dôchs ek oare, bliere dagen Us sizze; ‘o forjit, forjit!’ Den komt in blomke wei út d'ierde, De snie allyk sa wyt en skjin; Det wol by Rûchbirds ôfskied liede, En 't bringt ús nije libbenssin. [pagina 18] [p. 18] It docht ús kjeld en snie forjitten; It leit de takomst foar ús bleat; Gau hat de winter ús forlitten, En preallet d'ierde yn nije steat. Hja scil mei nije pracht wer pronkje, En komt op nij yn fleur en tier; Det scil yn 't minske 't fjûr ûntfonkje; Hy wirdt op nij wer soun en blier. It fûgelt is ek wer to hearren; It tsjottert, tsjilpt en sjongt sa blij; En al hwet like wei to stearren, It libbet alles wer op nij. Sjoch 't, Snieklokje út de snie wei kypjen By stoarm en heil of sinneskyn; It ropt ús ta om ús to stypjen: ‘Ik lied in moaije takomst yn!’ Vorige Volgende