| |
| |
| |
Skimerjounje.
fen
T.E. Halbertsma.
't Is winter, en wy bliuwe
Smûk mei 'noar yn de hûs;
De bern boartsje om ús hinne;
Dy rydt op ‘Pyt’ nei beppe,
Det, as it libbe en fielde,
En den nei oarreheit ta...
| |
| |
By 't naentsje sit syn sister,
For ‘Lys’, hjar lêstich bern.
Hwet jow jy hjir in nocht!
Jy spriede oer dit toanieltsje
Jou waerm en hearlik ljocht.
Jy meitsje it deade libben,
En jowe oan 't stomme lûd;
Hwet bern yn hannen habbe
Det kriget krêft en gloed.
Strak, as it poarpren sinke
Yn 't Westen leger glydt,
En mem hjar naeiwirk del leit,
En hwet oan 't breidsjen giet,
Sjoch, den leit heit de pinne
Mei 't oare skriuwark wei;
‘Non skimerjounje, berntsjes!’
Sa ropt er, ‘hwa wol mei?’
‘Ik, ik wol!’ skreaut de ruter,
Het boi syn plak al foun.
| |
| |
Forjit hjar ‘Lys’ alhiel;
Hja wjukkelt nei hjar heit ta,
En wol ek graech hjar diel.
Det sint fiif jier syn wiif is,
Dêr giet it: ‘foart mar, hynke;
Wy moatte in botsens koeke
En strak, as heite hynzers
Hwet wirrech binne en loai
Fen 't felle hossebossen,
Den wirdt it earst nôch moai!
Den moat er oan 't fortellen;
It smakket altiid lekker,
Allinne it knapprich fjurke,
Dat mei syn dounsjend ljocht
Us skaed op 't bêdsket teikent,
Hwêr 't famke graech nei sjocht,
| |
| |
Allinne 't knapprich fjurke,
As heit fortelt oan 't boike
Fen 't swiet Loailekkerlân,
Of fen 't meilijich hintsje,
Fen 't kouke, en sa al mear.
Hwêr heite bylden stykje,
Hja lit de bisten sprekke,
Neat is er, ef hja dielt it
Mei eachjes, nou ûndogens,
Den trienjend, den wer blier.
En 't moantsje foar it finster,
Mei 't bleke silv'ren ljocht,
| |
| |
En sûnder dat hja 't útsprekt,
Wit heit wol, hwet hja seit!
Bring dit toaniel yn print,
En stjûr, as d' âlde dei komt,
Jimm' jowe nocht en wille;
Jimm' meitsje ús goed en from!
Ternaerd, 3e fen Selle, 1880.
|
|