It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 7] [p. 7] Stoarm en Stilte. fen O.H. Sytstra. Hark, ho 't de stoarmwyn beart! Gierend gûlt er troch 't neakene beamte; Kreakjend keilt er de keale tûken Foars jin de biferzene groun. Wyld waeit de wite snie Dwarreljend dwers oer diken en dammen; De griisgraue grime wolken Stouwe stoarmeftich foart. Foart! flean nou ringen nei 't fjild! Wraxelje, wrot tsjin de skûrrende wyn op; Lit wyld de wyn yn dyn hierren heisterje; Frees net de fûleindige froast! Bear, bolderje, byljende stoarm, en skodsje de neakene tûken Fen 't beamt', det blêdleas stiet, yn 't deadske winterkleed. [pagina 8] [p. 8] To, wylder yet, en jei de snie út alle hoeken, De feart en fjilden oer; lit net in stofke op 't steed! Waei wyld myn hierren út, rûs rou my yn it wêzen; Wês byld fen 't binnenst my, hwêr ek de stoarmwyn beart; De kâlde wrede wrâld het my it hert biferzen, Lyk as dyn izige amme, fêstfrear grêft en sleat. As m' oeral yn de wrâld neat fynt as leed en lijen; As yen de lêste ûntsinkt op hwa 't me rekk'ne hie; As libbenssêd en wirch me 't libben scoe forfije; As me, yn yens ûnk fortiisd, nin útwei wit ner rie - Den is 't, ef 't moaije waer faek gnysket om yens rampen; De sinneskyn is 't byld fen d' ûnforskill'ge wrâld; En wylst min hast biswykt troch tsjin yen sels to kampjen, [pagina 9] [p. 9] Forwaermt er 't lichem wol, mar 't hert wirdt dûbeld kâld! Né, den is 't de kamp der natûr, dy 't de striid yn 't gemoed docht forjitten; Yn 't wrax'ljen tsjin waer en tsjin wyn wirdt de striid yn it binnenste stild; As de striid fen it lichem bigjint het yen d'ûnrêst fen binnen forlitten; Yn de striid jin de krêft der natûr wird' de wounen fen binnen net field. Blaes den en bolderje, byljende stoarmwyn! Waei den en wynderje wyld troch myn hier! Reagje en rûs my rou yn it wêzen; Byld fen myn binnenst, wês woest nou, wês wyld! Wreed wier him de wráld wêst; Tsjuster wier syn takomst; Swier woech op him it wicht fen syn ûnk; Mar om him hinne Lake de sinne; 't Wier ef elts antlit fen libbensnocht blonk. Lokkich! syn lijen naem'n ein; hwet in wille Sjocht er tomjitte, hwet njue, hwet in nocht! Mar gûlend giert wer de stoarmwyn; Boijen beare en bold'rje; Skiere wolken skouwe hjar foar 't sinneljocht. [pagina 10] [p. 10] Natûr, sa is neat for dyn nukken to hillich? Lakest om lijen, en skriemst om ús nocht? Fynste faek freuchde yn it spotten en pleagjen? - Oars hiest' my nou dôchs wol sinneskyn brocht. Winter joech jamk wylde boijen; Hirde wyn en kâlde snie; Tsjustre loft en tsjokke dampen; Fûle froast, det 't sahwet die. 't Wier, ef woe natûr forstearre; 't Lieawe sintsje bleau mar wei; Fûgelstimme wier forstomme; 't Wier, ef 't al op stearren lei. Ek yn 't herte fen it minske Wier de deadske winter kaem; Kjeld en froast en tsjustre wolken Hien' ek dêr de fleur ûntnaem. Wyld hie faek de stoarm dêr boldre; Near en tsjuster wier it dêr: En de kâlde wrâld dêr bûten Foun syn weargea binnen wer. Sims den scoe min hast bitwiv'lje, Ef de hird biferzen groun Ea wer scoe ûntteije kinne, Det it blomte plak er foun. [pagina 11] [p. 11] Einlings dôchs - dêr kipe 't sintsje Efkes troch it wolkneswart, En dy bliere waerme strielen Foelen ek yn 't minskehert. En dy sinne fage ringen Al dy tsjustre wolken wei, Lake alles blier tomjitte, En yn 't hert wier 't ek wer dei. Waechsdom brocht it sintsje oan d' ierde. Blomte sierde wer de groun; En de sinnestriel dêr binnen, Spraette'r ek syn sein yn 't roun. Weitein wierne soarch en lêsten; Lieafde sinne naem se wei; En, hwa 't yn dy fleur nou rounseach Wel, dy soarge 'r hast wer wei. Blaue, kleare loft dêr boppe; Helder ljocht oeral yn 't roun; Grien en blommen, sjongend fûgelt Ha 't in himelsk oansjean jown. Vorige Volgende