It jonge Fryslân(1882)–Onno Harmensz Sytstra, Pieter Jelles Troelstra– AuteursrechtvrijSangen en rimen fen jonge Fryske skriuwers Vorige Volgende [pagina 5] [p. 5] It jonge Fryslan. fen P.J. Troelstra. Nou wolle wy mei sang en klang It bloisel fen ús herte Op 't alter fen it heitelân, As earstling-offer sette. Yn d'âlde tiid droech 't jongfolk graech De swiere gleaune swirden; 't Wier hjar in ear, for 't heitelân 't Yn striid en noed to hirden. 't Wier hjar in njue, jin oarmans krêft For d' erfgroun mânsk to striden; It wier hjar rom, for 't heitelân Op 't slachfjild dea to blieden. Yn mylder tiden libje wy; Us bloed hoecht net to streamen; De frydom fen ús heitelân Heart ta forfleine dreamen. [pagina 6] [p. 6] Mar foel it ryk fen Fryslân wei, Dêr 't freamden lof fen telden, Yet libbet yn ús heitelân It neiteam fen dy helden. Yet libbet d' âlde Fryske tael Op tûznen Friezne tongen; Yn hjar hat mannich Fries fen al Hwet goed en wier is, songen. En wol fen 't Suden ek in sé Fen freamdsin ús oerdekke, De tael bliuwt ús in fêste hâld; Hja scil dy weagen brekke. Dos wolle wy mei siele en sin Us oan dy sprake wije, En - mat it - for hjar rom en ear By Fries en Unfries lije. Sa scille wy, lyk as by âlds, For 't lieawe heit'lân fjuchtsje; En earst de kâlde, stomme dea Scil disse kamp bisljuchtsje! Ljouwert, Simmermoane 1881. Vorige Volgende