Oan de Lêzer.
‘It Jonge Fryslân’, sa ha wy ús boek neamd, om 't de stikken it wirk binne fen jonge Friezen.
Mei hwet doel as wy dit boek yn 't ljocht jowe? - As de stikken goed binne, scille se lêzen wirde, det is dôch it wyt fen elts boek; binne de stikken to min om lêzen to wirden, den kin it wyt fen de útjefte se net better meitsje.
Mar goed of net goed, dit boek kin de Friezen sjean litte, hwet hja ten de jonger ein to wachtsjen habbe; hja scille út dit wirk opmeitsje kinne, ef it jonge Fryslân stride kin for it bihâld fen dy tael, dy Salverda neamt: ‘it erf fen tûznen jierren’, det elts oprjuchte Fries biwarje moat ‘hoask, as 't heilichst pân’.
Wy jowe nou in diel rym; oer in great jier komt er licht in diel ûnrym yn 't ljocht, dêr 't wy nou al in pear stikken for lizzen habbe. Mei ús boek blike, it lêzen wirdich to wêzen, det is for ús, de samlers, de bêste foldwaning.
Ljouwert, Haimoanne, 1881.
P.J.T. en O.H.S.