| |
| |
| |
Fûgelsang
fen
P.J. Troelstra.
Lit ús sjonge, ja sjonge nou 't liet,
De prins fen it ljochtryk ta iiwge priis,
De kening des himels ta tankbewiis;
Lit út sjonge, ja sjonge sa bliid!
As de sinne yn 't Suden stiet,
Komt de stoere wintertiid.
En mei snie en kâlde boijen
Jowt er d'earme fûgels bruijen. -
O, den ha wy 't neat to rom!
Sitt' wy skrousk yn 't kâlde nêst,
Piipjend, kreunjend al ús bêst.
| |
| |
Forskronf'le en forstiwe,
Der waechst ek gjin krûd;
Gjin sang wirdt fornommen
Yn it neakne beamte krast
De stoarmwyn reaget om yn 't wâld;
Fol langstme wachtsje w'op de tiid,
Det wer it sintsje skynt,
Det d' ierde, as s' opstiet út de dea,
Troch 't hier in blomkrâns wynt.
Oan alle lêsten komt in ein;
Nei alle leed komt nocht;
In brilloft komt er nei de dea,
Nei 't kâlde tsjuster waermte en ljocht.
Sa sit yn 't libbenskeatting 't goud
Oan 't donkere izer fêst....
Jow noait yn 't leed de moed forlern;
Al kinst ek nou gjin útkomst sjean,
Der komt wol ljocht op 't lêst!
| |
| |
Yet fiel ik him, dy bliere striel
Fen 't waerme sinneljocht,
Dy d' earste tynge fen de komst'
Fen 't jonge foarjier brocht.
Yet wit ik, hwet in njuefol liet
Myn eang lyts kieltsje song,
Omdet de bolle foarjierswyn
Wer yn myn herntsje krong.
En do wer 't blomte út de groun
Syn mûzige eachjes stiek,
Do wie 'k sa blij, sa waerm en soun,
Lit ús sjonge, ja sjonge nou 't liet,
De prins fen it ljochtryk ta iiwge priis;
De kening des himels ta tankbiwiis,
Lit ús sjonge, ja sjonge sa bliid!
O ho sillich, ho oanminnich,
Moaiste tiid fen 't jier, bistou!
Maitiid, Maitiid, hwet in wille,
Hwet in libhensnjue jowstou!
't Bloed sa tel troch d'ieren brûst;
| |
| |
Hwet in wille, o hwet in wille,
Tiid fen lieafde, tiid fen ljocht!
Yn it boskje lokje 'k 't wyfke
Ta de skjinste lieafdenocht.
Yn it hert fen 't wyf ken op;
Tiid fen lieafde, as 't griene boskje
Skattert fen it fûgelliet;
As it folle, jonge libben
Dounsjend troch de fjilden giet.
Hope jowt it libben fleur;
Sjoch dy knopkes, sjoch dy krûdsjes,
Sjoch dy bledsjes, jong en grien;
Hark dy blide minnelûdsjes;
Noait ha wy mei 't sjongen dien.
Wirdt elts knopke in blom? -
Bliuwt ús 't hert sa rom? - -
'k Wyt net, 'k wyt net, mar ik sjong!
'k Wyt net, mar ik sjong!
Hwêrom scoest' ek altiid soargje
Tsjin in oare tsjustre dei?
| |
| |
Laitsje, lieawje, patsje, pearje;
Lieafde jaget soargen wei.
Nim syn bliere laeits yn 't hert;
As de jountiid mei syn dauwe
Rûzend oer de fjilden leit,
En de sinne yn 't roazich Westen
D'ierde in smûk ‘to rêsten’ seit;
Sjong 'k in ôfskiedssang:
‘Sintsje, bliuw net lang!
Tink om fûgel, beamte en blom;
Himelkening, bliuw net lang!
Tink om fûgel, beamte en blom;
As de bliere moarn yn 't Easten
Heal syn eagen iepen docht,
Skrilt er earst, yn sliep fortize,
For de glâns fen 't himelljocht;
Mar hy wirdt al gau to wekker,
Laket myld de sinne ek oan,
| |
| |
Pronket mei hjar moaiste kleuren,
Om it holke in strielekroan.
En d'ierde, yet sliepend, en 't fjild, yn de dau,
En 't marke, yn de mist wei, hja glânsgje nou gau
Yn 't ljocht fen de sinne,
Nou ferwe is oer 't marke
En fine 't to moai om yet langer to sliepen;
En patsje alle blomkes, en binn' net to hâlden;
Dy noaskje om hjar hinne,
En lûd is 't gerop, en gegûl en gejei.
O, moai is de wrâld, en sa great, en sa rom!
Ut de greppel, hwêr myn nêst is,
Hipje 'k op it dauwich krûd;
'k Amje in boarst fol loft, en rekje
Gapjend den myn wjukken út;
| |
| |
As ik den de wrâld sa wiid fyn,
En de himel djip en klear,
Bin 'k my sels sa lyts en neatich,
Wirdt it my sa eang en near.
't Triuwt my nei de himel;
Dêr driuw ik en kliuw ik nei 't iepene swirk;
Der tsjoch en fljuch ik sa frij;
It triuwt fen omleech, en it lûkt my omheech,
En 'k sjong sa ynblij, sa ynblij:
Sinne, sinne, himelljocht,
Dy de dei oan d'ierde brocht,
't Wolkom sjongt myn sang dy ta;
Blierket dy fen 't marke ta;
Damp en mist binne út'noar skûrd,
Hingje yn drippen oan it bird
Tsjuster wier it, stil en near;
Dou kaemst op - de loft is klear,
't Fjild is as in blommekroan;
't Libben as in simmermoarn.
Troch dyn waermte en ljocht.
| |
| |
'k Tureljurkje - scoe ik net? -
Mei in triljend, oerfol hert:
Blommen, alters op de groun,
Strui jimm' swietrûk yn it roun;
Priisgje, o fûgels, 't hearlik ljocht;
Ik bin as 't blomke, det syn kopke flijt,
Hwêr det it bliere ljocht der sinne skynt;
Ik bin as 't koarn, det troch de sinne tynt,
En sûnder hjar net fol en krêftich dijt;
As 't blomke gean ik, hwêr 't de sinne giet,
As 't koarn kin 'k dije, dêr 't de sinne briedt.
As it field syn blommeklean
Wilich flodderje om syn lea;
As it wâld syn gouden kroan
Fâlle lit, forsútre en dea,
As de sinne in kleed fen mist
Foar hjar strieljend antlit docht,
Súntsjes fen ús fielden wykt,
En al mear nei 't Suden tsjocht -
Den forgearje 'k frjeun en sibben,
Dêr 't de sinne is, is ús libben;
Dêr 't hja net is, stearre wy!
| |
| |
Dêr 't de sinne is, is ús libbén,
Lieaflik ljocht, wy priisgje dy!
Wei mei 't ljocht, it docht my sear;
Fen it tsjuster hâld ik mear;
Ik sjong d' eare fen de nacht;
Skyn, iwich ljocht, oer fjild en wâld!
Strui al dyn glâns oer hiel de wrâld,
Dyn waermte yn jong en âlden!
Brek troch de mist, kliuw op nei 't swirk;
Jow d'ierde krêft by 't deistich wirk,
Om 't herte rom to hâlden!
Kring d'ierde troch, o libbensmacht;
Kring 't herte troch, fordriuw de nacht
Fier op, hwet leech en moedleas is,
Bring ljocht, jow krêft, hwêr 't tsjuster is,
Krêft, om 't fen 't kwea to winnen!
| |
| |
It ûlebrod, sa skier, sa skou,
Keart fen dyn lieaflik ljocht him ou:
Mar wy, as berntsjes fen de dei,
Wy sjonge, en d'ierde sjongt it mei:
‘Oan dy, o sinne, d'eare!’
Wy priisgje dy, wy libje yn dy,
Salang wy kinne, scille wy
Ja, as de deanacht ús omtsjocht,
Den romje w' ienkear yet dyn ljocht,
|
|