Dagboekfragmenten 1940-1945
(1954)–T.M. Sjenitzer-van Leening– Auteursrechtelijk beschermd
Onderwijzer, 35 jaar - Friesland
| |
[pagina 284]
| |
mar doare neat of in bytsje. En - is hjâr det kweaw ôf to nimmen? Der is noch mar sa'n lyts kromke solidariteit ûnder de minsken. Elk wachtet op in oar en sa bart der neat. En de soldaten kinne wer nei de gefangenkampen yn Dútslân gean... Earst it legere kader - aenst de oaren. Ho scil it oars as der gjin foroaring komt - gjin Died, dy 't dy plannen wisingje scil. Sûnt 28 Sept. 1942 is de sitewaesje oan 'e fronten gâns foroare. De D. lizze net mear yn 'e Kaukasus, Stalingrad is net mear bidrige - de Russen hawwe yn 'e winter hird fen hjâr ôf slein en nou is it front oan 'e Donetz en wirdt yn 'e Koeban noch fochten. It wachtsjen is op 'e simmerkampanje - Yn Afrika is in Amerikaensk leger oan lân gien fen 't hjerst en is Rommel tobekslein op Tunis, stêd mei neiste omkriten en sit as in mûs yn de falle. Mei in pear wiken is it hjir dien en is Afrika fen de Italianen en de Dútskers suvere. Den is it wachtsjen op it twadde front. Yn 'e loft swiere oanfallen op alle wichtige stedden en havens yn Dùtslân en de bisette gebieten - superioriteit fen Ingelân yn 'e loft - stedden wirde ta púnheapen. Sa is yn rûge halen it oarlochsbyld op it moment. Dútslân yn de fordigening - de geallieerden yn 'e oanfal - en de bisette gebieten langhalzje nei it twadde Europeeske front.
Aukje is gâns in ein better tsjinwirdich. Alle húswirk docht se wer mei - kin wer naeije, breidzje, stopje - Fytst wer, mar net greate einen! Rint ek wol folle yn 'e hûs mar wirdt o sa gau wirch as se bûten in ein rinne scoe. Mar wy binne o sa bliid det it safier is as nou! As alles normael bleaun wier, wier se hjoed nei 't H.O.Ga naar voetnoot* gien for 4 wiken - nou is it wachtsjen oan 't 11 Maeije. As den de tastannen wer hwet better binne giet se der even twisken út. 't Scil hjar goed dwaen, dy ljeave. De bern binne goed soun, al klaget Rinke wol ris oer syn mage. Aukje tinkt fen wjirmen, mar se komme net los. Roelke syn foet is wer genêzen en dy is fierder ek goed soun. Moarn giet er for it earst nei skoalle - al scil er wol in dei wachtsje moatte nou 't moarn de âlders hjar bern thús hâlde wolle! Hy hat in tige sin oan 'e skoalle - en wy kinne nou al wol witte, det er in heldere learling wirde scil. Hij rekkenet al oan 'e 20 ta. | |
[pagina 285]
| |
3 + 8 + 5, seit er samar, is 16. En hy hat in skerp taelgefoel, lyk as Rinke. Hy kin noch net lêze, mar is dochs sa fier det er it yn in moment foar 't forstân ha scil. De lêsplanke leit er samar b.g. Nou binne de beide mannen op 'e greate skoalle. Rinke is fensels oergien. Hy hie it bêste rapport fen de 4de klasse en sit nou yn de 5de!! Mar - wier der mar in lyts boike of famke det yn 'e widze laei - Hwet scoe ik det ynlike graech wolle! |